Kabinet ferbiedt net-frege telefoanyske ferkeap

oktober 8, 2018 08:50

Bedriuwen en organisaasjes meie konsuminten tenei inkeld noch telefoanysk oankomme as dy dêr eksplisyt tastimming foar jûn ha. Dat is ien fan de foarstellen dy’t steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken docht yn in notysje om de posysje fan de konsumint better te beskermjen.

Ofbylding: pixabay.com

Keijzer skriuwt dat de helte fan de konsuminten argewaasje hat fan net-frege telefoantsjes fan bedriuwen en organisaasjes. Om dy reden sil se net-frege telefoanyske ferkeap ferbiede. Allinnich as in konsumint dúdlik makke hat der gjin beswier tsjin te hawwen, mei dy aanst noch skille wurde. It is noch net dúdlik hoe’t de konsumint dat kenber meitsje moat.

No is der it skilje-my-net-register, dat krekt oarsom wurket. Konsuminten kinne har dêr oanmelde om net skille te wurden troch bedriuwen en organisaasjes.

oktober 8, 2018 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.