Jûn oer wetter yn Kulturele Ambassade

oktober 26, 2018 08:31

Wittenskippers fertelle oer ynfloed wetter op ús deistich libben

Studium Snacks fan de Grinzer Kulturele Ambassade yn Ljouwert organisearret op tongersdei 8 novimber in jûn oer wetter. Dat bart yn ’e mande mei Studium Generale Grins.

ôfbylding: fan CBK Grins

Alle libben op ierde bestiet út wetter en is dêr ôfhinklik fan. Undersyk nei wetter fariearret fan it alderlytste nivo – it gemyske elemint wetterstof – oant de oseanen, dy’t it grutste part fan de ierde bedekke. Yn Studium Snacks yn de ambassade fertelle ûnderskate wittenskippers fan de Ryksuniversiteit Grins oer de rol dy’t wetter yn harren ûndersyk spilet en watfoar ynfloed wetter hat op it (deistich) libben fan elkenien.

Ynlieders binne Margo van den Brink, Tjisse van der Heide en Steven van Heuven. Fanwegen de beheinde romte yn de ambassadehúsfêsting wurdt it programma, dat om 19.00 oere begjint, werhelle om 20.15 oere. In fergeze tagongskaart kin besteld wurde op www.sggroningen.nl.

Steven van Heuven: It azemjen fan de oseaan
De atmosfear fan de ierde wikselet gassen út mei it oerflak fan de oseanen. Seestreamingen nimme oploste gassen mei de djipte yn. Yn wetter út de djipsee kinne oseanografen dy gassen mjitte, it ûnderdûken dêrfan datearje, en dêrmei de rol fan oseanen yn klimaatferoaring helpe útinoar te raffeljen. Steven van Heuven is oseanograaf en is wurksum by it Sintrum foar Isotopeûndersyk oan de Ryksuniversiteit Grins.

Margo van den Brink: Romte foar wetter
Nederlân is wrâldwiid bekend om syn striid tsjin it wetter mei diken, dammen en oare wetterkearende keunstwurken. Troch de klimaatferoaring en it tanimmende ferstedskjen nimt it risiko op oerstreamingen en slimme wetteroerlêst lykwols ta en is de oertsjûging groeid dat takomstige wetterfraachstikken net mear oplost wurde kinne mei allinich de wettersteat-technyske oanpak. Rûnom wurdt pleite foar mear rûmte foar it wetter. Dêrom wurde nije romtlike beliedsstrategiyen ûntwikkele om stêden en regio’s klimaatbestindiger en wetterrobúster yn te rjochtsjen.
Margo van den Brink is universitêr dosint planology en is wurksum by de Fakulteit Romtlike Wittenskippen fan de Ryksuniversiteit Grins. Sy ûndersiket hoe’t wetterfeilichheid en romtlike planning byinoar komme kinne.

Tjisse van der Heide: Biobouwers – It fûnemint fan kust-ekosystemen
Tjisse van der Heide is ûndersiker by it Keninklik Nederlânsk Ynstitút foar Undersyk yn See en heechlearaar Kust-ekology oan de Ryksuniversiteit Grins. Syn ûndersyk is rjochte op kust-ekosystemen en de rol fan saneamde biobouwers. Biobouwers binne organismen dy’t net allinnich op miljeuomstannichheden reagearje, mar dy ek sels sterk beynfloedzje, en sa foar harsels en foar oare soarten geskikte leefomstannichheden meitsje. Troch minsklik yngripen binne wrâldwiid in soad biobouwer-dominearre ekosystemen, en de soarten dy’t dêryn tahâlde, ferlern gien. Foarbylden dêrfan binne seegêrsfjilden, moksel- en oesterbanken, kwelders en dunen. Van der Heide ûndersiket hoe’t dy ekosystemen wurkje en hoe’t weiwurden ekosystemen wer makke wurde kinne.

Ambassade
Studium Snacks makket diel út fan de Grinzer Kulturele Ambassade dy’t yn Ljouwert yn de Suderstedsgrêft leit. Dy ambassade is in bydrage fan de provinsje Grinslân en gemeente Grins oan LF2018. It programma komt ta stân ûnder koördinaasje fan it Sintrum Byldende Keunst (CBK) yn Grins. Mear oer de ambassade stiet op www.waterwaterstof.nl.

Studium Generale Grins
Studium Generale Grins (SGG) organisearret multidissiplinêre aktiviteiten op it mêd fan wittenskip, kultuer en maatskippij. De Ryksuniversiteit Grins en de Hanzehegeskoalle Grins wurkje dêrta gear yn SSG. Mei in fariearre programma lykas lêzingen, films en debatten, rjochtet SGG him op in breed publyk fan studinten, dosinten en oaren dy’t dêr belangstellng foar hawwe.

oktober 26, 2018 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.