“Jou in bern in boek” Ferwerderadiel oer gedichten

oktober 12, 2018 12:12

foto: gemeente Ferwerderadiel

Moandei 15 oktober is in spesjale dei foar de bern yn de gemeente Ferwerderadiel. Dan is it wer ‘Jou in bern in boek’. De bern fan de groepen 2 en 8 fan de basisskoallen yn de gemeente krije dan in Frysk boek. De bern fan de groepen 8 komme dit jier byinoar yn It Trefpunt yn Hallum.

Dit jier is it tema: gedichten. De bern fan de groepen 8 krije in dichtbondel dy’t spesjaal foar bern skreaun is troch Arjen Hut en syn soan Iwan. Mar ek skriuwers as Eppie Dam, Janneke Spoelstra, Jurjen van der Meer en Berber Spliethoff hawwe deroan meiwurke. Dit jier is it lêste jier fan de selsstannige gemeente Ferwerderadiel. Spesjaal dêrfoar hawwe de bern in gedicht skreaun dat printe wurdt op kanvas. Letter sille dy gedichten útstald wurde yn it gemeentehûs yn Ferwert. De bern fan de groepen 2 krije it boek Grutte griene grizel. De Biblioteektsjinst Noard Fryslân sil by de skoallen lâns om it de bern te bringen en der út foar te lêzen.

Aktyf Frysk taalbelied
De gemeente Ferwerderadiel is in gemeente mei in aktyf Frysk taalbelied. Net allinne yn de eigen organisaasje wurdt it Frysk belanryk achte, gemeente wol it brûken fan it Frysk ûnder de ynwenners fan Ferwerderadiel ek stimulearje

oktober 12, 2018 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*