Jongfriezen jouwe tolfde Fryske stêd Appingedam fontein fan Opstalsbeam

oktober 22, 2018 09:27

Efter de tsjerke yn Appingedam stiet sûnt sneontemoarn 20 oktober 2018 in replika fan de Opstalsbeam by Aurich/Auerk yn Dútslân. De tydelike fontein is in geskink fan de Jongfryske Mienskip.

Alle jierren giet de Jongfryske Mienskip op besite nei in plak bûten Fryslân, dêr’t wat mienskipliks fan it Noarden te finen is. Dit jier gie de reis nei Appingedam, dat yn 1327 Frysk wie en doe by it jierlik treffen fan de Friezen by de Opstalsbeam yn ’e buert fan it East-Fryske Auwerk stedsrjochten krige.

“De fontein is in knypeach nei Kulturele Haadstêd”, seit Sjoerd Groenhof fan de Jongfryske Mienskip. Twa wethâlders fan Appingedam en in steatelid fan de provinsje Grinslân wennen it ûnbleatsjen by. Dêr wiene sa’n fyftich oanwêzigen, ûnder oaren West-Friezen út Noard-Hollân en East-Friezen út Dútslân.

Mei harren besiten oan oare noardlike plakken wil de Jongfryske Mienskip utering jaan oan de wurden fan de oprjochter, de skriuwer en dichter Douwe Kalma, dy’t oprôp ta ‘Explore the North’. Sykje aloan nei ferkenning, ferbining en ferbreding yn wider ferbân as it tsjintwurdige Fryslân, bedoelde er.

Neffens Groenhof is dat noch hieltyd fan belang. “Ast nei de takomst sjochtst mei de enerzjytransysje en sirkulêre ekonomy, dan lizze dêr ek kânsen, mar wy kinne dat as provinsje Fryslân net allinnich. Dat moatte wy mei-inoar oanpakke, ek om in earliker ferdieling fan de opbringsten dizze kear yn de regio te behâlden.”

oktober 22, 2018 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*