Jan Willem Zwart: “Dit waar oan de krystdagen ta!”

oktober 20, 2018 20:00

Kollum

Dit waar oan de krystdagen ta, dat wurdt yn dizze dagen grif faak sein. It kin, miskien wol dit jier, mar as wy sa trochgeane, de kommende jierren ek wol.

As jo de kranten goed lêze, dan kinne jo witte dat it foar ûndernimmers yn de hoareka fan ’t jier in tige goed jier west hat. Strânpaviljoenûndernimmers hawwe in ferdûbeling fan harren omset. It ferbliuw fan in protte minsken yn eigen lân hat ek goed fertuten dien. Al mei al in simmer sa’t elkenien dy graach hawwe wol.

It wie fan ’e maitiid fuort en daliks al hjit en eins is dat de hiele simmer gewoan trochgien. Boeren binne no, ein oktober, noch hieltyd oan it meanen. In simmer as dizze hawwe wy hjir nea hân. De minsken kleie net, se sizze: “Dit waar oan de krystdagen ta.” En dan hawwe wy fan ’t winter miskien twa wiken froast, en dan begjint de maitiid al wer.

foto Jan Willem Zwart

It wurdt waarmer en waarmer, mar foaral ek ekstremer en ekstremer. De fraach is oft wy der sels wier klear foar binne. Sa’t wy no libje kin it klimaatakkoart net helle wurde. De útstjit fan CO2– stoffen is gewoanwei fierstente heech, mei as gefolch dat wy twa oant trije graden waarmer akseptearje moatte foar de kommende jierren. Waarmer, mar ek ekstremer. Skielk gjin Alvestêdetochten mear, gjin snie en gjin baanwedstiden op natueriis, mar waarmte en sinne. As it hjit is, dan is it ek werklik hjit, as it reint, dan falt der yn in lyts tiidbestek in protte wetter en as it kâld is, dan is dat ek echt hiel kâld.

It is frjemd dat wy net yn beweging komme, wylst alle technyske foarsjenningen der binne om hieltyd mear fossylfrij te libjen en wat te dwaan oan de opwaarming fan de ierde, ús ierde, de planeet dêr’t wy mei sân miljard minsken op libje. In part fan dy wrâld is net yn steat om in kar te meitsjen tusken trein en auto, yn in part hat sels nimmen heard fan CO2 en in klimaatakkoart. Wy witte it wol. Wy hearre deroer, lêze it yn ’e krante en fiele it oan de bûtentemperatuer.

It fielt ûnwennich. Unwennich noch efkes bûtendoar sitte yn ’e sinne yn stee fan foar de kachel. It liket as kinne wy der sels neat oan dwaan, mar dat is net sa. Bewust libje en bewust mei enerzjy omgean is in begjin. Dan trochsette en in kar meitsje hoe’t wy libje wolle. Is dat in libben mei duorsume sinnepanielen, in elektryske auto en sûnder fleis? Of is it fan alles in bytsje, wat yn de CO2-reduksje ek wol deeglik wat opsmite sil? It begjint by bewustwurding, om dêrnei in werklike bydrage leverje te kinnen.

Libje bewust, genietsje fan de sinne, wit wêr’t wy de waarmte wei krije. De sinne is net om ’e nocht sa krêftich yn dizze hjerst!

 

 

oktober 20, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.