It wykein stiet bol fan Under de Toer

oktober 4, 2018 19:13

Hieren yn ’e wyn – foto: Niels Remigius

Yn it sawat ôfrûne Kulturele Haadstêdjier is der in hiel soad bard yn en om it projekt Under de Toer, mar it projekt is wis noch net foarby. Fan de 31 manifestaasjes, sitte der noch sân foarstellingen yn it fet, dêr’t der it wykein 5-7 0ktober fjouwer yn premjêre gean: De Merakels fan Nijlân (Nijlân), Op de Terp Almenum (Harns), De tael van et hatte (Ter Idzard) en Yn it Skaad fan ’e Toer (Ryptsjerk). Fan oksen yn de tsjerke oant in iepenbrutsen grêf; de ûnderwerpen, de foarstellingen en ferhalen binne unyk, mar alle foarstellingen binne hielendal Under de Toer.

Neist de premjêren binne der kommend wykein noch in trijetal foarstellingen te sjen dy’t al earder úteinset binne. Hieren yn ’e wyn (Langsweagen), Slauerhoff: yn Memoriam Patris (Ljouwert) en De Profylfoto fan Klaas (Wommels) geane fierder. Der is noch in soad te rêden ûnder de toer.

De slotstikken
Fierderop yn oktober geane de twa projekten De Klok moat Werom yn Koartsweagen (10 oktober) en De Slach by Boxum yn Boazum (19 oktober) yn premjêre. Yn novimber folget it lêste stik: Twa Twuorren yn Wergea (11 oant en mei 24 novimber).

Yn de mear as tritich projekten fan Under de Toer, dy’t mei it Kulturele Haadstêdjier te sjen wienen, steane de ferhalen fan likefolle Fryske tsjerketuorren sintraal. It projekt wurdt no in foarbyld fan ferbiningen dy’t lein binne tusken de ferhalen, keunstners en de mienskip. It ferskaat oan manifestaasjes brocht in ferskaat fan minsken op ’e fuotten dy’t mei-inoar de ferhalen út it ferline en no op ’e nij belibje koene, belutsenen en publyk. It is mei tank oan de bysûndere stipe fan it Prins Bernhard Kultuerfûns, dat dit projekt realisearre wurde koe.

 

oktober 4, 2018 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*