It skeinen fan bernerjochten by it Sinteklaasfeest te Dokkum yn 2017

oktober 12, 2018 13:23
Sa no en dan makket It Nijs gewach fan Nij Frisia (Tydskrift foar Fryske Striid en Skriftekennisse) fan de Jongfryske Mienskip (oansletten by de RfdFB). Dizze kear dogge wy dat troch in artikel oer te nimmen. Yn it junynûmer fan dit jier stiet in stik ûndertekene troch Sjoerd Groenhof út namme fan it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip. Dat is krekt yn dizze wike aktueel. Redaksje It Nijs

It skeinen fan bernerjochten by it Sinteklaasfeest te Dokkum yn 2017

Sjoerd Groenhof

Ien fan de pylders fan it karbrief (de statuten) fan de Jongfryske Mienskip is kulturele autonomy. Kulturele autonomy betsjut dat wy as Friezen selsbeskikking hawwe wolle foar ús taal, ús kultuer en ús tradysjes as ymmaterieel erfgoed.

Ymmaterieel erfgoed is ‘libben erfgoed’ en it omfettet sosjale gewoanten, foarstellings, rituelen en tradysjes dy’t troch mienskippen en groepen sjoen wurde as in wichtige foarm fan kultureel erfskip. It is in ûnderskiedend skaaimerk dat oerdroegen wurdt fan generaasje op generaasje en it is fan belang foar in mienskiplike identiteit. Ien fan de uterings fan sa’n folkstradysje is it feest fan Sinteklaas en Swarte Pyt. It is in folslein ynboargere tradysje yn de Fryske mienskip en it hat sels âlde, foarkristlike woartels yn de Germaanske mytology.

It Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (ratifisearre troch Nederlân yn 2005) befettet bepalings foar erkende nasjonale minderheden lykas de Friezen, bgl. de juridyske erkenning en beskerming fan harren rjochten en fan har ymmaterieel erfgoed. It ferdrach regelet ûnder mear (kêst 5, lid 1): ‘De partijen ferplichtsje harren derta om de omstannichheden te befoarderjen dy’t foar persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, needsaaklik binne om harren kultuer yn stân te hâlden en ta ûntwikkeling te bringen en om wêzentlike eleminten fan harren identiteit, nammentlik harren religy (godstsjinst), taal, tradysjes en kultureel erfgoed te bewarjen.’ It ferdrach sprekt (yn kêst 5, lid 2) ek oer in ferbod Mop ‘[…] belied of praktiken dy’t rjochte binne op assimilaasje tsjin de wil fan persoanen dy’t ta nasjonale minderheden behearre, en beskermje [Partijen] dy persoanen foar elts optreden dat rjochte is op sok in assimilaasje.’ Kleare taal dus …

It is bekend dat guon tradysjes feroarje kinne. As de mienskip feroaret, dan kin ek in tradysje in oare foarm krije. As der lju tsjin in beskate âlde tradysje binne, dan is der fandatoangeande frijheid fan mieningsutering en bestiet der rjocht op demonstraasje. Foar de lanlike yntocht fan Sint en Pyt yn Dokkum hie de boargemaster yn oktober 2017 it inisjatyf naam en boppedat de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet (tenei: KOZP) oerhelle om by de yntocht te demonstrearjen, wylst KOZP dat sels earst net fan doel wie. En dat alles ûnder it mom fan in saneamde ‘mars der beschaving’. Dan is jins doel polityk kleure en stiet men net boppe de partijen. De fraach komt op oft jins moreel kompas dan wol goed ôfsteld is as it om noarmen en wearden giet.

Wy erkenne dat elts it rjocht op demonstraasje hat, mar binne fan betinken dat soks etysk en moreel net past op en by it bernefeest sels. It soe dy tradysje slim fersteure en men skeint sadwaande de bernerjochten. Soks past boppedat alhiel net yn Fryslân, want sa binne wy en ús bern troch de tiid hinne dêr net grutbrocht. In jier hat 365 dagen, nim ús bern dan dy iene feestdei fan it jier yn beskerming en demonstrearje dan op ien fan de oerbliuwende 364 dagen. Jonge bern begripe neat fan sa’n fersteuring en hoe kin men dat as Fryske âlden oan harren útlizze? Sa’n demonstraasje jout dus oanstjit en is ûnwinsklik. Lokkich seach en fielde de loko-boargemaster fan Dongeradiel (mei Dokkum as haadplak) dat goed oan en se koe op it lêste momint de jammerdearlike demonstraasje fan de KOZP op de dei fan de yntocht noch ferbiede.

In hiele grutte groep Fryske âlden hienen as lêste rêdmiddel ek noch it wapen fan de boargelike oerhearrigens (‘burgerlijke ongehoorzaamheid’) troch op 18 novimber 2018 mei iepen fizier de grutte autodyk fan de A7 yn de rjochting fan Fryslân te blokkearjen. Om sadwaande foar te kommen dat guon lju út de Rânestêd ús moai bernefeest yn Dokkum skeine koene. Troch dy opkear-aksje hawwe sa’n 34 aksjefierders fan it Iepenbier Ministearje (it ‘ OM’) lykwols in daging (‘dagvaardiging’) krige fan mear as 30 siden, krekt as soene se in moardnersbinde of in stel terroristen wêze. In ‘bekeuring’ soe faaks earder op syn plak wêze, mar hja wurde no troch it OM misbrûkt om ‘in foarbyld te stellen’. Dan binne der wol hiele oare foarbylden te neamen dy’t dêrfoar yn de beneaming komme koene. De rjochtsgelikensens (‘rechtsgelijkheid’) wurdt dêrmei neffens ús oantaast. Dat alles is foar it bestjoer en leden fan de Jongfryske Mienskip reden om morele stipe oan de aksje te jaan as teken fan har solidariteit.

De leechlizzende kwalifikaasjes fan de sjoernalist Abe de Vries oan it adres fan Jongfryske Mienskip yn syn opinystik yn de Ljouwerter Krante (d.d. 01-06-2018, s. 21) reitsje ús absolút net. Dy binne der fier by troch. Wy beskôgje syn oanfal op de Jongfriezen mar as in stik fan in tiisholle (of yn it Hollânsk: fan in ‘verwarde man’).

Út namme fan de Jongfryske Mienskip,
Sjoerd Groenhof (bestjoerslid),
11-06-2018

Sjoch hjir foar de lêste jeften fan Nij Frisia:

Jefte 2 fan 2018

Jefte 1 fan 2018

Jefte 4 fan 2017

Jefte 3 fan 2017

oktober 12, 2018 13:23
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. @Nordenslys oktober 19, 10:38

    Dit is no echt in organisaasje dy’t foar Fryslân opkomt!
    Soe moai wêze at wy ús allegear wat mear en better organisearje koenen. Want sa’n manifestaasje as F(rede (wrede) foar Fryslân komt mei in hiele manifestaasje en in filmpke, wylst de oprjochte Friezen sels yn it gewear komme moasten om sjen te litten da’t wy gjin idioat protest út de Rânestêd hjir ha wolle.

  2. Eric oktober 19, 11:37

    Boeiende ynfalshoeke. Sa hie ik it noch net besjoen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*