Is it âldste Nederlânsk eins folle nijer Noarsk?

oktober 18, 2018 13:29

In pear wike lyn stiene de kranten der fol mei: der wie yn in âlde Ierske tekst in wurd ûntdutsen yn it Nederlânsk: blinn auga. Dat soe sânde-ieusk Nederlânsk wêze foar ‘blyn’ of ‘blyn each’. Dat skriuwt er op neerlandistiek.nl

Net wierskynlik, tinkt taalkundige Gertjan Postma. Neffens him is de tekst alderearst folle minder âld. Hy soe út de trettjinde ieu komme. Fierders soe blinn auga gjin Nederlânsk wêze kinne, ûnder oaren omdat it Aldnederlânsk yn dat wurd gjin au-klank hie. Postma tinkt dat it in Noarsk wurd is. Dat soe ek wierskynlik wêze, omdat der yn Skotlân yn de trettjinde ieu noch Noarsk praat waard.

Postma tinkt dat blinn auga net ‘blyn’ of ‘blyn each’ betsjut, mar ‘blineman’. It wurd soe slaan op de figuer fan in bline sjonger dy’t yn in protte âlde ferhalen foarkomt.

Klik hjir om Postma syn ferhaal te lêzen.

oktober 18, 2018 13:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.