Honeysuckle Blue(s)tún bliuwt yn 2019 ek yn Blokhúspoarte

oktober 31, 2018 07:00 Fernijd

foto: Farm of the World

Farm of the World, BOEi en Ljouwert-Fryslân 2018 hawwe ôfpraat dat de Honeysuckle Blue(s)tún fanwege it grutte sukses ek yn 2019 te sjen bliuwt yn de Blokhúspoarte. De tún lit de krêft fan natuarlike fervestoffen yn planten sjen en luts yn 2018 in soad besikers.

Yn 2016 die Farm of the World mei oan de Chelsea Flower Show, in prestizjeuze túneshow yn Londen. Byldzjend keunstner Claudy Jongstra en túnûntwerper Stefan Jaspers betochten dêr de ferveplantetún foar mei de titel Honeysuckle Blue(s) Garden. De tún wûn in Silver-Giltmedalje yn de kategory Fresh Garden. De Honeysuckle Blue(s)tún is nau ferbûn mei it projekt Farm of the World, dat Jongstra ûntwikkele foar Ljouwert-Fryslân 2018.

De Fervewasketún Honeysuckle Blue(s) nûget besikers út om de (sawat) fergetten kennis oer natuerlike fervestoffen en de kwaliteiten te ûndergean en yn it sin te bringen. Troch wer in oare kant fan ‘hiel gewoane’ planten sjen te litten, hoopje se nije wurdearring en in gefoel fan ferwûndering op te roppen foar de frjemde boarnen dy’t ús omjouwe. De kleuren dy’t út de ferveplanten komme , binne werom te sjen yn in presintaasjekast mei ynformaasje oer Farm of the World en de wurkpraktyk fan Claudy Jongstra.

Claudy Jongstra, Farm of the World: “We binne hiel bliid dat de Honeysuckle Blue(s)tún yn 2019 ek noch te sjen wêze sil yn de Blokhúspoarte. Legacy hat fan it begjin ôf wichtich west foar Farm of the World en it is hiel weardefol om de neitins fan Farm of the World, net allinnich op De Kreake, mar ek yn de Blokhúspoarte yn it ûnthâld te bringen fan besikers út hiel útinoar rinnende omkriten.”

Claudia Woolgar, produsint Ljouwert-Fryslân 2018: “Dat de tún nei ús drok kulturele jier te besykjen bliuwt, yn it hert fan Kulturele Haadstêd, is in sterk teken dat it nei 2018 noch lang net ôfrûn is. We hawwe allegear mei-inoar Fryslân folop bloeie litten en heae dêrmei troch: de Honesuckle Blue(s) Garden bliuwt dêr ek takom jier in grut foarbyld fan.”

Arno Boon, direkteur BOEi (Eigner Blokhúspoarte): “Yn de erfgoedsektor prate we oer read en grien: monumintale gebouwen en oanlein grien, lykas parken en tunen. De Honeysuckle Blue(s)tún lit sjen dat dy twa inoar fersterkje en net sûnderinoar kinne. Besikers fan de Blokhúspoarte-finzenis, dy’t neist kultureel bedriuwesintrum ek in hast museale funksje hat, kin no folle langer genietsje fan dy publykslûker.”

De Honeysuckle Blue(s) tún is mei mooglik makke troch: Ljouwert-Fryslân 2018, Stichting DOEN, Mondriaan Fonds en de Iona Stichting. De tún wurdt dêrneist ryklik stipe troch: Friehof Hoveniers, Cruydt-Hoeck Wildebloemenzaden, Kwekerij Heutinck, Nobre Cál halfverharding en Handelsbedrijf R. Postmus. It meidwaan oan de Chelsea Flower Show yn 2016 waard mooglik makke troch AkzoNobel en de Nederlânske Ambassade yn Londen.

De tún is alle dagen te besjen yn de Blokhúspoarte fan 9.00 oant 20.00 oere
Lokaasje: âlde luchtplak yn de Blokhúspoarte (efter Alibi Hostel)

oktober 31, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.