Hoe kin design bydrage oan skjin wetter?

oktober 1, 2018 15:17

foto: Merijn Ting – syn surfboard

Sneon 6 oktober om 17.00 oere organisearret de Grinzer Kulturele Ambassade yn Ljouwert in jûn oer design. Wichtichste fraach is dan: hokker rol kin design spylje yn aktuele kwestjes as de aloan oanwaaksende ‘plestik sop’ yn de oseanen, it driigjende tekoart oan skjin wetter en de transysje fan fossile nei skjinne enerzjy?

Mirjam de Bruijn, winner fan de HEMA Untwerpwedstriid 2018, sil fertelle oer har konsept Twenty: produkten lykas waskmiddel en sjampoo dy’t foar mar in 20% út wetter besteane. Plestik-Sop-Surfer Merijn Tinga fertelt oer syn surfboard fan weromwûne ‘sop-plestik’ dêr’t er yn binnen- en bûtenlân omsweefplestik mei sammelet. En keunstner John Körmeling wurket oan in selsboude auto op wetterstof. Hy sil de lêste stân fan saken jaan. Neist ferhalen binne der ek ferskillende fisuele smaaksensaasjes lykas ‘iisballen’ en ‘swiete wolken’ opdist troch fooddesigners Keukenconfessies. Moderator fan de jûn is Roelof Koster fan Keunstwurk út Ljouwert. De jûn wurdt holden yn de Popakademy, Achter de Hoven 23 yn Ljouwert en begjint om 17.00 oerre. Kaarten binne te krijen fia www.waterwaterstof.nl.

De jûn giet út fan de Grinzer Kulturele Ambassade, in bydrage fan de provinsje Grinslân en gemeente Grins oan LF2018. It programma komt ta stân ûnder koördinaasje fan it Sintrum Byldende Keunst (CBK) yn Grins. Mear oer de ambassade fine jo op www.waterwaterstof.nl.

oktober 1, 2018 15:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.