Hjerstfakânsje yn it Natuermuseum Fryslân

oktober 16, 2018 15:55

Dit jier stiet de hjerstfakânsje yn it Natuermuseum Fryslân yn it teken fan ‘Kûnstsinnige eerappels’. Yn dizze ôfslutende útstalling fan Potatoes go Wild fan de stichting De Bildtse Aardappelweken draait it om ûnferwachte en meiwaaksende keunst, makke mei de ierappel as ynspiraasjeboarne. De hjerstfakânsje HieperdePieper slút dêr hielendal by oan.

Elkenien yt se: sean, bakt, frituerd of poft. In ierappel liket sa gewoan, mar der is hiel wat oan te sjen. Wat sit deryn en hoe waakst in ierappelplant? Bern krije by de yntree in ierappel dêr’t se mei op ûndersyk útgeane. Troch ferskillende aktiviteiten en proefkes leare se de goed kennen. Se wage en mjitte him, ûntdekke hoe’t mei in ierappel elektrisiteit wûn wurde kin en noch folle mear aardichs!

De hjerstfakânsje is fan 13 oant en mei 28 oktober, twa wike dus, sadat bern dy’t yn Midden- en Súd-Nederlân wenje ek lâns komme kinne. Fan 20 oant en mei 28 oktober (data noch ûnder foarbehâld) binne der ek workshops. Keunstners meitsje dan mei bern Da-Da keunst fan ierappels en der is in ierappelkwis. It programma wurdt bekend makke op de webside fan it museum. Stichting Fruit Yn Fryslân lit yn de twadde wike fan de hjerstfakânsje (22 oant en mei 28 oktober) sa’n 300 soarten appels en parren sjen.

‘Kûnstsinnige eerappels’ is noch te sjen oant en mei 6 jannewaris 2019 en is dêrmei de lêste aktiviteit yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Der binne keunstwurken te sjen fan ûnder oaren Deirdre O’Mahony (Ierlân), dy’t in film makke oer hoe’t de ierappel syn wei fûn fan Súd-Amearika nei Ierlân. Dragan Despotovic (Servië) makket op lokaasje it skilderij De Aardappeleters fan Vincent van Gogh trijediminsjonaal nei fan farske ierappels. Fan ferskillende Fryske keunstners sil wurk te sjen wêze, lykas fan Grietje Huisman, dy’t it berneboek Tuinpatat skreau en yllustrearre. Mar it binne net allinnich keunstners dy’t meidogge: ek CSG Ulbe van Houten út Sint-Anne en basisskoallen út de gemeente Waadhoeke giene ek mei ierappels oan ‘e slach.

oktober 16, 2018 15:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.