Hearrenfean-trener Ten Berge twingt spylster om har tsjin Omrop Fryslân te ferbrekken

oktober 13, 2018 15:51

Tiny Hoekstra

Fuotbalster Tiny Hoekstra, dy’t freed foar SC Hearrenfean skoarde tsjin Ajax, mocht nei de wedstriid fan har trainer Roeland ten Berge gjin ynterview yn it Frysk jaan foar de kamera fan Omrop Fryslân.

De reden? “Het moet in het Nederlands, zodat het Nederlandse publiek het ook kan verstaan en geen ondertiteling nodig heeft.” En dêrom fertelde Tiny Hoekstra út Rinsumageast yn it Nederlânsk wat se fan de wedstriid fûn.

Foarsitter fan de Hearrenfean-froulju, Froukje Hofma, reagearret op Twitter: “De meiden van het team willen graag horen wat Tiny zegt en (als het in het Fries is) verstaan ze het niet. Maar als echte Friezin ben ik er zeker niet op tegen.” Neffens Hofma is it gjin belied dat de froulju gjin Frysk prate meie tsjin de parse.

Hoekstra sette Hearrenfean healwei de earste helte op 1-0. Yn de blessueretiid fan de wedstriid makke Ajax dochs de gelykmaker, sadat wedstriid yn 1-1 einige.

Boarne: Omrop Fryslân

oktober 13, 2018 15:51
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. HJW oktober 13, 18:57

    Te gek foar wurden !

  2. JGV oktober 14, 13:29

    Dit jou no krekt oan dat der hieltyd minder besikers komme by It Hearrenfean. Der is hieltyd minder bining no’t fierwei alle spilers net fan fryske komôf binne. En no begjint dat gedonder ek al by de froulju. Litte wy begjinne mei frysktalige treners en bestjoerders oft sy dy’t dat gefoel oproppe kinne by de efterban. (Gouden tiid mei Riemer en Foppe). Mei allinne it Frysk Folksliet kin it net ta.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*