Harlequin lansearret 4000ste Bouquet

oktober 3, 2018 09:11

Harlequin: Romantyk yn 2018 is ferrifeljend, mar krûpe en spontaan jins partner ferrasse binne noch hieltyd de meast romantyske gebearten

Op 30 oktober 2018 ferskynt by útjouwerij Harlequin – lieder yn romantyk – alwer de fjouwertûzenste Bouquet: Machtige verleider. Om dat feestlik te fieren hat Harlequin ûndersykje litten wat de Nederlanner no echt romantysk fynt yn 2018.

Ofbylding: Harlequin

Ut it ûndersyk komme ferrassende resultaten nei foaren:

  • Hast 70% fan de Nederlânske folwoeksenen fynt it betiizjend wat hjoed-de-dei as romantysk sjoen wurdt;
  • 85% fan de Nederlanners soe wat mear romantyk yn it libben wolle, mar wit net sa goed hoe;
  • Tradisjonale romantyske gebearten lykas krûpen en spontaan jins partner ferrasse, binne noch hieltyd it populêrst; dat docht bliken út de top 20 fan meast romantyske gebearten;
  • De grutste ôfdijers binne ek bekend. Mei stip op nûmer 1: telefoanferslaving (bygelyks ûnder it iten de telefoan op tafel lizze).

Romantyk is springlibben
Romantyk yn 2018 is net dea, mar we fine it lestich om de juste foarm te finen. Dat docht bliken út it ûndersyk fan Harlequin nei de rol fan romantyk yn 2018. Hast 70% fan de ûnderfrege minsken jout ta dat se it betiizjend fine wat hjoed-de-dei as romantysk beskôge wurdt.

De meast romantyske gebearten
Hoewol’t we yn in digitaal tiidrek libje, liket it derop dat we noch it meast hunkerje nei tradisjonele romantyske gebearten. Ut it ûndersyk komt nei foaren dat dy binne: krûpe en jins partner spontaan ferrasse mei in kadootsje of reis. It tradisjonele hân-yn-hân rinnen is yn 2018 ek noch hieltyd in tige populêr romantysk gebeart.

De top 5:

  1. Krûpe (55%)
  2. In verrassend kado keapje (50%)
  3. Hân yn hân rinne (41%)
  4. In spontaan reiske plenne (35%)
  5. In spontaan jûntsje út organisearje (32%)

Harlequins regels foar romantyk: de ultime romantykgids
De detaillearre útkomsten fan it ûndersyk ferskine yn Harlequin Regels voor Romantiek: in fergeze online útjefte, dy’t ûnthjit de ultime gids te wêzen foar de regels fan de hjoeddeiske romantyk. Yn de útjefte stiet ûnder oare de ultime list fan hjoeddeiske tips foar romantyk en de top 20 fan de lytse gebearten dy’t neffens Nederlanners it bêste ‘ik hâld fan dy’ sizze, neier taljochte troch topauteurs fan Harlequin-boeken. Neist de romantyske gebearten steane der yn de útjefte noch folle mear aardige feitsjes oer romantyk, ôfdijers en ynformaasje oer Harlequin sels. Harlequin Regels voor Romantiek is fergees del te heljen fia dizze link. In aardige fideo oer hoe’t de Nederlanner sels de romantyk ûnderfynt, is te finen fia dizze link.

Bouquet 4000 – Machtige verleider – is fan 30 oktober 2018 ôf oeral yn Nederlân te keap.

oktober 3, 2018 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.