Grutste fiedselbosk fan Europa komt yn Brabân

oktober 14, 2018 09:58

Yn it Brabânske Schijndel komt de grutste fiedselbosk fan Europa. Natuer en lânbou wurde dêryn kombinearre. De bosk hat gjin keunstdong, gif of ekstra wetter nedich en de opbringst blykt heger te wêzen as dy fan reguliere lânbou. Fjirtich kilometer fierderop, yn it Gelderske Groesbeek, sette oprjochter Van Eck acht jier lyn al útein mei in lytsere, eksperimintele fariant fan de bosk.

Foto: pixabay.com

Oars as bygelyks in fruchtbeammehôf hat in fiedselbosk gjin monokultuer, mar in polykultuer. Dat komt sykten en pleagen foar, de fûgels en ynsekten binne ûnderdiel fan it systeem. Dat soarget foar goede rispingen. De fiedselbosk is in foarm fan trijediminsjonale lânbou: krûden op ’e grûn, strûken mei beien, en dêrboppe fruchten en nuten. Sjefkok Van der Staak docht alle wiken boadskippen foar syn restaurant yn de fiedselbosk. Hy seit: “As sjef wolle ik de gasten graach wat ferrassends foarsette. Hjir stean 450 ytbere plantesoarten, mei allegear in unike smaak. Dat fertsjinnet mear omtinken. It soarget foar folle mear fariaasje yn it menu.”

De Brabânske deputearre fan Lânbou, Anne Marie Spierings (D66), is entûsjast oer de fiedselbosk. De Provinsje betellet mei oan de nije, grutte bosk yn Schijndel. “Lânbou yn Brabân moat echt in stik duorsumer en wy moatte folle mear op basis fan ús natuerlike systeem produsearje”, seit Spierings. “Yn ús griene ûntwikkelfûns sit 240 miljoen. Dat is ornearre foar it realisearjen fan natuer. Dat dogge wy foar in part troch projekten dy’t echte natuerûntwikkeling binne, mar foar in part ek troch it stypjen fan projekten dêr’t natuer en lânbou yn byinoar komme. In moai foarbyld dêrfan binne fiedselbosken.”

oktober 14, 2018 09:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric febrewaris 4, 10:27

    Dat soe ek moai wêze foar Fryslân. En dan in grutteren, bygelyks op It Hearrenfean, as earbetoan oan Louis Le Roy (bekend fan ‘e Ekokathedraal).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.