Grut ûnderhâld Blauferloat útein set

oktober 9, 2018 12:29

Foto: gemeente Achtkarspelen
Mei in freesmasine ferwideret wethâlder Max de Haan de âlde asfaltlaach

Moandei 8 oktober is de gemeente Achtkarspelen úteinset mei grut ûnderhâld oan de trochgeande wei troch buertskip Blauferlaat. De wei wurdt yn syn gehiel iepenbrutsen en opnij oanlein. It fytspaad parallel oan de Brêgeloane wurdt ek fernijd.

Oannimmer Oosterhof Holman fiert it wurk foar de gemeente út. De ferwachting is dat it wurk ein novimber klear is. Bestimmingsferkear wurdt safolle mooglik om it wurk hinne laat.

Oant 4 juny koene belanghawwenden in reaksje jaan op it ûntwerp. Der waarden ûnder oare reaksjes jûn oer ferkearsfeiligens en de ynfolling fan grien. De reaksjes binne safolle mooglik ferwurke yn it ûntwerp. Der is omtinken jûn oan lykweardige krusingen, ferkearsfaasje en de breedte fan de wei.

oktober 9, 2018 12:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*