‘Gitaarman’ Ed Struijlaart komt mei earste teätertoer nei Fryslân
Resint ferskynd

foto: William Rutten
Yn ‘Gitaarmannen: fan Clapton oant Sheeran’ bringt Ed Struijlaart in oade oan de gitaar en syn helden. Eigen nûmers wurde ôfwiksele mei wurk fan ûnder oaren Eric Clapton, Jimi Hendrix, John Mayer en Ed Sheeran. It mulpunt fan de jûn? De gitaar yn al syn hear en fear.
Doe’t Ed Struijlaart op syn njoggende jier Eric Clapton op de telefyzje seach, wie er dealese wis fan twa dingen: Ik wol sa’n burd en ik wol sa’n gitaar hawwe. Foar it burd moast er noch efkes geduld hawwe, mar de gitaar makke fan doe ôf diel út fan syn libben. Yn 2010 ferbaarnde Struijlaart al syn skippen en naam it beslút om hielendal en allinnich mar foar de muzyk te gean. Der folgen twa albums, in soad optredens en in pear aardige singles lykas ‘Make It on Your Own’ en de koartlyn útbrochte ‘Guitar’.
No is it tiid om dy oare grutte dream nei te jeien: syn earste teätertoer. Mei Leon Schmitz (drums en perkusje) en Michel van der Zanden (bas en gitaar) reizget Struijlaart fan ’t hjerst troch it lân by lytse, yntime sealen lâns. Fan it ‘Crossroads’ fan Robert Johnson nei it ‘Seattle’ fan Jimi Hendrix oant it flugge ‘Shape of You’ fan Ed Sheeran. Alle gitaarmannen komme del, mar ek eigen nûmers dêr’t er it publyk mei sjen lit hokker rol de gitaar yn syn libben spilet.
‘Gitaarmannen: fan Clapton oant Sheeran’ is yn Fryslân allinnich yn Drachten te sjen op sneon 27 oktober om 20.15 oere yn Skouboarch De Lawei. Kaarten binne te keap fia www.lawei.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje