Gedicht: Op ’e ein fan ’e dei

oktober 30, 2018 22:34

Foto: Sander Hoekstra

Op ’e ein fan ’e dei

Hommels fljocht it my yn ’t ûnthâld.
’k Soe noch mei de hûn derút.
It storeint, is sinnich en wetterkâld.
De riem, oan de spiker by it kowerút.

Dêrjinter sakket de sinne al nei de kime.
Sa ik sis tjin de hûn, wy moatte ús eine.
Kin ik myn lange learzen wer net fine.
De loft skuort troch, it sil net mear reine.

De hjerst kuorret al syn blêden ût,
yn in fontein fan ferskate kleuren.
Wy rinne lâns it Selmiensterpaad.
Besykje mysels wat op te fleuren.

Ik hâld stil, stoareagje oer it lân.
Wylst de hûn in sûpke nimt út de feart.
Dream fuort, der slikket immen oan myn hân.
De sinne giet ûnder, de loft oranje-read.

Dêr stean wy dan yn stiltme, baas en bist.
Under de betsjoening fan safolle pracht.
Ut ‘e sleatswâl kringelet in swiere mist,
nei it mids fan wer in lange nacht.

Sander, Oerterp

oktober 30, 2018 22:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.