Gedicht: Brutsen

oktober 13, 2018 09:15 Fernijd

Brutsen

Foto: pixabay.com

As dyn wurden net better binne as it sekuer tikjen fan ’e klok
As dyn wurden net te hearren binne yn ‘e stilte foar de stoarm
As dyn wurden net fol fan leafde sitte, mar fan wrok
Dan is it te let, fierstente let, foar de leafde, foar inoar

As tegearre net mear is as twa minsken op besite
As tegearre net mear is as in fersliten gouden ring
As tegearre net mear besjut as yn swijsumens ite
Dan is it te let, fierstente let, foar de leafde, foar inoar

Asto my sjochst, dan begjint it al, dyn argewaasje
Asto my sjochst, dan sjochst my leaver mar wer gean
Asto my sjochst, dan wurdt it in muoisume situaasje
Dan is it te let, fierstente let, foar de leafde, foar inoar

Sa, ik sil fuort, haw it bêste my dy foar
Sa, ik sil fuort, boude myn libben om dy hinne
Sa, ik sil fuort, lit myn hoop achter by de doar
It is te let… nea foar de leafde, mar wol foar inoar

Sander, Oerterp

oktober 13, 2018 09:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*