Gearkomste Ried fan de Fryske Beweging

oktober 9, 2018 09:36

Twa kear yn it jier hâldt de Ried fan de Fryske Beweging in gearkomste foar de fertsjintwurdigers fan de oansletten organisaasjes en de stipers. Dy gearkomsten binne iepenbier. Hjirûnder de wurklist foar de earstkommende gearkomste.

Wurklist foar de iepenbiere gearkomste fan de Grutte Ried op tongersdei 18 oktober 2018 om 19.30 oere yn de Kuriostsjerke, Julianalaan 38 te Ljouwert

1  Iepenjen en fêststellen fan de wurklist

2  Meidielings en ynkommen stikken

Fedde Schurerlêzing:
Op 8 desimber wurdt de jierlikse Fedde Schurerlêzing hâlden. Dy sil dizze kear gean oer Ljouwert 2018 yn ferbân mei de Fryske taal en kultuer. De haadlêzing wurdt hâlden troch prof. dr. Goffe Jensma. Wa’t de twadde sprekker is is op dit stuit noch net wis.   

3  Oantekens Riedsgearkomste 17 maaie 2018

4  Begrutting 2019

5  Bestjoerssaken

6  Wat fierder ynbrocht wurdt / Omfreegjen

Skoft

7  Frysk nei “It is mei sizzen net te dwaan” troch Jaap van der Bij en Thom Dijkstra
Diskusje

8  Sluten

Neipetear mei slokje en flaubyt.

oktober 9, 2018 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*