‘Gaelic spoken’

oktober 24, 2018 19:31

Fiona Hyslop by de presintaasje fan de nije toeristekampanje (foto: regear fan Skotlân)

In Skotsk museum mei it keurmerk ‘Gaelic spoken’. De Gaelicpratende besiker dy’t dêr komt, wit fuortendaliks dat er in gids krije kin dy’t syn taal praat. Of in restaurant dêr’t de Gaelictalige obers in spjeldsje drage mei ‘Gaelic spoken’ derop.

It binne in pear ideeën fan VisitScotland, in grutte toeristyske organisaasje yn Skotlân, foar in nije kampanje om mear toeristen nei Skotlân ta te krijen. De organisaasje wol it Gaelic folle mear brûke yn it toerisme, sawol foar de Gaelicpratende Skot as foar de toerist dy’t dat geheimsinnige lytse taaltsje wolris hearre wol.

“It toerisme is ien fan ús wichtichste groeisektoaren”, sei de Skotske minister fan toerisme, Fiona Hyslop. “Troch it Gaelic yn ‘e toeristeyndustry sichtberder te meitsjen jouwe wy net allinnich in autentike Skotske ûnderfining, mar stypje wy de ekonomy ek troch noch mear toeristen nei Skotlân ta te lokjen.”

 

oktober 24, 2018 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.