Fryske útjouwers tefreden oer opbringst Frankfurter Buchmesse

oktober 18, 2018 13:05

foto: provinsje Fryslân

Fryske útjouwers hawwe mei 19 bûtenlânske útjouwers op de Frankfurter Buchmesse praat. Dat is mear as de foargeande jierren. De ynternasjonale promoasje fan de Fryske literatuer docht fertuten. De Fryske delegaasje op de Frankfurter Buchmesse is tefreden oer de resultaten. De kontakten mei de bûtenlânske útjouwers moatte soargje foar oersettingen fan mear Fryske boeken.

De Fryske literatuer waard dit  jier foar de tredde kear fertsjintwurdige op de Frankfurter Buchmesse. Provinsje Fryslân stipet Boeken fan Fryslân finansjeel foar in stand op de grutste en wichtichste boekebeurs fan ’e wrâld.

Jitske Kingma, dy’t út namme fan de Fryske útjouwers petearen mei de bûtenlânske útjouwers hat: “Jo kinne fernimme dat de Fryske literatuer hieltyd mear serieus naam wurdt. De petearen dy’t wy hân hawwe, wurde ek hieltyd konkreter. Se steane iepen foar nije ûntwikkelingen en foar nij talint.”

Ynternasjonaal nivo
Op de boekebeurs is in grut ferskaat oan Fryske literatuer oan útjouwers presintearre. Lykas de okkerdeis ferskynde twatalige (Ingelsk-Frysk) blomlêzing oer de Fryske literatuer: Swallows and Floating Horses.

Neffens deputearre Sietske Poepjes is it wichtich foar de Fryske literatuer dat de útouwers harren ek op ynternasjonaal nivo presintearje. Deputearre Sietske Poepjes: “De Fryske literatuer is in rike en folweardige literatuer, dy’t ek in plak fertsjinnet bûten de provinsjegrinzen”.

Mear ynformaasje oer de Frankfurter Buchmesse is te finen op: www.buchmesse.de.

oktober 18, 2018 13:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.