Fryske taal yn ’e knipe troch weryndielings

oktober 19, 2018 14:49

De weach fan gemeentlike weryndielings yn Fryslân hat foar it Frysk net goed útpakt. De Fryske taal komt yn ‘e knipe. Dêr’t twa gemeenten fusearje, sykje se om kompromissen. Yn in soad gefallen betsjut dat dat foarhinne Frysksinnige gemeenten wetter by de wyn dwaan moatte. It Hollânsk slacht dan foar master op.

Dat docht bliken út ûndersyk dat Dingtiid útfiere litten hat. Dingtiid is it offisjele advysorgaan fan de oerheid foar de Fryske taal. Yn it ûndersyk is sjoen nei it taalbelied fan de fúzjegemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke, en fan de oansteande fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Dingtiid wol meikoarten mei fertsjintwurdigers fan de gemeenten prate. It advysorgaan advisearret om taalamtners mei in dúdlike taak oan te stellen. Boppedat is Dingtiid fan betinken dat alle gemeenten in taalbelied hawwe moatte dêr’t in struktureel potsje foar komt.

oktober 19, 2018 14:49
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Folkert oktober 19, 15:33

    Yn Amearika hiet soks “gerrymandering”.

  2. Tjeerd oktober 19, 15:51

    Krekt, ek wol neamd “it gif fan de demokrasy”. En dan ek noch in kozp-stiper as boargemaster oanwize.

  3. mbc84 oktober 19, 16:36

    Goh, wat gek, hie ik nea ferwachte…
    Al dy weryndielings binne dwylsinnich en ferwiderje de minsken noch mear fan harren bestjoerders. Sjoch benammen hoe’t Ljouwert mei ús Friezen omgiet, se dogge krekt of besteane wy net. Mar goed, de Friezen dogge/wolle it sels, se stimme alle kearen foar dy dwylsinnigen fan links, dy hawwe neat op mei it Frysk en Fryslân want allegearre fierstenste nasjonalistysk ensfh ensfh…

  4. HJW oktober 19, 18:15

    Hie men oars ferwachtsje kinnen? Nee fansels.Us eigen fertsjintwurdigers, sawol fan de provinsje as fan de gemeenten hawwe dat yn ‘e hân wurke. Leit dat oan harren of oan harren kiezers? Betink sels it antwurd mar.

  5. Bertus Jans Postma oktober 21, 14:49

    En De Waadhoeke? Dy sil 15 novimber yn in riedsgearkomste gear oer it taalplan fan de FNP-wethâlder. Wy bringe de riedsleden yn it sin, dat se der in ‘ambisjeus taalbelied’ op nei hâlde moatte, en dat se proefprojekten opstelle en útfiere meie om it plak fan ús taal (en it Biltsk) te ferbetterjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*