Friezen hawwe duorsumens heech yn ‘t findel

oktober 11, 2018 22:00

Part minsken dat ytber iten weismyt, útsplitst nei opliedingsnivo – Boarne: Panel Fryslân (FSP), juny 2018

Ynwenners fan Fryslân jouwe in 8 foar it belang fan duorsume fiedselproduksje. Dat blykt út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (FSP) ûnder 1828 leden fan Panel Fryslân. De koers fan skaalfergrutting liket op syn retoer en de rop om mear duorsume foarmen fan fiedselproduksje wurdt hieltyd lûder. It FSP ûndersocht hoe’t ynwenners fan Fryslân tinke oer duorsume fiedselproduksje, de agraryske sektor en it Fryske lânskip.

Omtinken foar duorsum iten
In grut part fan de ynwenners fan Fryslân tinkt by it boadskipjen om it komôf fan de produkten. Sawat twatredde jout oan minimaal wykliks fiedselprodukten te keapjen dy’t in miljeu- of bistewolwêzenskeurmerk hawwe, foaral by fleis en aaien. Trijekwart seit ek ekstra foar lânbouprodukten betelje te wollen as der yn de produksje oandacht is bestege oan duorsumens.

Heger oplate lju fergrieme measte iten
Net allinnich oan de produksjekant kin wurke wurde oan ferduorsumjen, mar ek oan de konsumintekant is it wichtich dat der duorsum mei iten omgien wurdt en dat der bygelyks gjin iten fergriemd wurdt. It is opmerklik is dat minsken mei in hegere oplieding Twa kear sa faak iten fergrieme as minsken mei in legere oplieding. Fan dy lêsten oplieden smyt 18% wykliks ytber iten fuort wylst dat by de earsten 43% is.

Fryske ynwenners grutsk op boeren
Ynwenners fan Fryslân binne troch de mjitte posityf oer de boeren en omearmje boerebedriuwen as part fan it Fryske lânskip en de Fryske identiteit. In grutte mearderheid fynt de boeren wichtich foar de Nederlânske ekonomy en twatredde jout oan grutsk op harren te wêzen. In minderheid fynt dat boeren mear om jild en produksje jouwe as om de natuer en it wolwêzen fan bisten. De ûnderstelde kleau tusken boer en boarger wurdt net as tige grut belibbe.

Romme foldwaande foar Frysk lânskip
It Frysk lânskip kriget as rapportsifer in 7,7 en mar 5% jout in ûnfoldwaande. Sawat in treddepart fan de Fryske ynwenners fynt wol dat de kwaliteit fan it lânskip efterút buorket. Sy sjogge ûnder mear it weromrinnen fan it tal soarten greidefûgels, blommen en in ientoaniger lânskip. De megastâlen en wynmûnen binne in soad minsken slim yn ‘e wei. In lytse 20% sjocht in foarútgong, mei trochdat der neffens harren hieltyd mear omtinken is foar it lânskip.

oktober 11, 2018 22:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.