Frâns Kuipers: iPhone ûnmisber yn de polityk?

oktober 6, 2018 20:00

Kollum

Ik haw it yn It Nijs earder al ris hân oer minder sûne effekten fan it – te folle – brûken fan de iPad en de iPhone. Bern binne dêr al hiel jong op oan it ‘boartsjen’ (gamen). It is spannend, it freget in soad tiid en it is ferslaavjend. Aloan mear (jonge) bern en jongelju hawwe in bril nedich en dat hâldt neffens it Eachfûns rjochtstreeks ferbân mei it – te folle – dwaande wêzen mei de iPhone en/of de iPad. (https://www.itnijs.frl/2017/10/iphone-en-ipad-skealik-foar-de-eagen/)

It ûnderwiis brûkt by it lesjaan en it útwurkje litten fan lear- en stúdzje-opdrachten ek hieltyd faker dat digitale ark. Der binne no ek al skoallen dy’t it brûken fan dy digitale aparaten oan bannen lizze wolle of sels safier geane dat se yn ’e lesromte net tastien binne. Ynleverje by de konsjerzje? Yn Frankryk wol it ûnderwiis se sels alhiel útbanne.

It goeie en it kweade…
Elke foarside hat in efterside. It goeie sit faak fêst oan it kweade of it minder goeie? Dat ‘byld’ borduer ik efkes op troch. Elkenien kin fia de telefyzje of it ynternet sjen nei (digitaal) sichtbere politisy yn de Twadde Keamer, steatesealen en/of riedsealen. Hjoed-de-dei kin men thús fia it telefyzjeskerm of de iPad of iPhone sjen en hearre nei de politike debatten. Men hoecht der net mear de doar foar út. Thús sit men earste rang op de publike tribune. Elkenien kin withoe faak sjen dat in protte politisy dwaande binne op sosjale media, wylst in keamer-, rieds- of steatelid efter it sprekboerd it wurd fiert. Sels as minister-presidint Rutte oan it wurd is, komt it foar dat folksfertsjintwurdigers dwaande binne mei harren digitaal boartersguod. Polityk is toaniel?

Minsken heakje ôf…
De fraach komt op oft sok dwaan en litten fan politisy feroarsake hat dat aloan mear Nederlanners de polityk de rêch takeare. Politike partijen hawwe aloan minder leden. De kiesdrompel wurdt soms mar amper helle. Stadichoan begjinne minsken te sizzen of te tinken: “Se besjogge it mar. Sy steane dêr net mear foar my!” Om dat negative byld tsjin te gean, geane politisy yn ferkiezingstiid yn partijkleuren klaaid en mei flaggen, wimpels, bakfytsen en roazen de winkelstrjitten yn. Se wolle yn kontakt komme mei it ‘gewoane’ folk, “kleine luyden”, soe Abraham Kuyper sizze.

Byldskermkes…
Yn ferkiezingstiden roppe politisy dat se alle dagen yn it spier binne foar it wolwêzen en de foarútgong fan alle minsken. Op hokker mêd dan ek. Mar as der dan wichtige ûnderwerpen yn de keamer-, steate- en riedsealen oan ’e oarder binne, sjogge in protte politisy – ferfeelsum ûnderút hingjend – nei harren byldskermkes. Sy hawwe der sels gjin erch yn. Miskien stjoere se fakânsjefoto’s of plaatsjes fan nije jaskes, jurkjes, in nij bankstel of in flatscreen – foar it sjen nei films op Netflix – oan goekunde troch? Yn de Ljouwerter Krante fan tiisdei 2 oktober stiet dat VVD-keamerlid Aukje de Vries har mobile telefoan as in wolkomme ôflieding belibbet ûnder de lange sit yn de Twadde Keamer. Sy wol de sosjale media ûnderwilens in bytsje byhâlde.

Ynleverje by de griffy?
Neidat it kabinet Rutte-II mei ynstemming fan de Twadde Keamer automobilisten al ferbean hie om ûnder it riden de iPhone te brûken, mei dy telefoan yngeande 1 july 2019 ûnder it fytsen ek net mear brûkt wurde. Dikke boete! Mei flinke boeten moat soks berikt wurde, sa’t it skynt. No’t it lûdop roppen fan “Pleur op” en “Rot op”, fan foarsitter Arib, mei stipe fan Buma, yn de Twadde Keamer net mear mei, freegje ik my ôf oft it nochris safier komme sil dat alle politisy harren iPhones en iPads by de griffier ynleverje moatte, foardat se de Keamer, steateseal of riedsseal ynstappe. Kom op, Arib en Buma!

oktober 6, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Snarf oktober 8, 18:03

    Der komme aloan mear buorden mei de wurden ‘NoNo’ tsjin it appen ûnder it autoriden yn heel Nederlân te stean. Ek yn Makkum stiet in boerd; deputearre Poepjes hat dit rjochting “De Holle Poarte” fêst al stean sjoen?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*