Foarfjochter Kening fan ’e Greide heech yn Duorsume 100

oktober 12, 2018 07:41

Klaas Sietse Spoelstra – foto: fan Melkvee100PLUS

Klaas Sietse Spoelstra út Terbant is trochkrongen ta de top 25 fan grienste tinkers en dwaners dy’t it deiblêd Trouw alle jierren opmakket. De eigener fan Nij-Sicht en inisjatyfnimmer fan it boargerkollektyf Kening fan ‘e Greide hat dy klassearring te tankjen oan syn jierrenlange ynset foar it opheljen fan de soarterykdom en de ynfloed dêrfan op fauna, boaiem én leefomjouwing. Ta de top 25 hearre ûnder oaren Boyan Slat, Marianne Thieme, Thomas Rau en op nûmer 1 Louise Vet.

De beoardelingskommisje hat dúdlik each krige foar de transysje dy’t yn de lânbou geande is fan tradisjoneel nei natuerynklusyf. Dat blykt net allinnich út de wurdearring foar Spoelstra, mar ek út dy fan oare foarfjochters foar mear natuer yn de lânbou.

Driuwende krêft
Klaas Sietse Spoelstra jildt as in ferbiner en oanjager. De yn Hallum berne Fries timmeret it leafst in poadium dêr’t oaren op strielje kinne. It is bysûnder dat hy as skaadwurker, kertiermakker en paadwizer presint is op dy ranglist. Doe’t yn it sjueryberied foar de tsiende edysje fan de Duorsume 100 syn namme foel, wie der lykwols fuortdaliks brede ynstimming: dy man heart thús yn de Duorsume 100, en ek op in heech plak: 25.

Spoelstra is ien fan de driuwende krêften efter de Kening fan ‘e Greide (de skries, kening fan it gerslân). De brede Fryske boargerbeweging dy’t yn gearspraak mei de lânbousektor it ferskrale lânskip, it ôfnimmen fan ynsekten, greidefûgels en boaiemlibben op de maatskiplike aginda set. Bysûnder is dat it inisjatyf ekology, ekonomy, wittenskip en kultuer byinoar bringt. No’t dat op de lanlike aginda stiet, makke Spoelstra koartlyn alhiel op syn eigen wize bekend dat er in stap tebek dwaan wol. Romte meitsje foar nije minsken mei nije ideeën.

Deltaplan
It boargerinisjatyf is mar ien fan syn aktiviteiten. Spoelstra luts efter de skermen stevich oan it opmeitsjen fan it deltaplan bioferskaat. Op inisjatyf fan ekologen prate boeren, lânbou-organisaasjes, banken en supermerken mei natuer- en miljeuorganisaaasjes en wittenskippers yn beslettenens oer in nije takomst foar natuer en lânbou yn Nederlân. Hy is derfan oertsjûge dat allinnich álle partijen mei-inoar ta in oplossing foar it opheljen fan de soarterykdom komme kinne. Kening fan ‘e Greide ûntstie seis jier lyn krekt út dy oertsjûging: wy moatte it mei-inoar dwaan, mei de boeren foarby de lânskipspine dy’t safolle fiele. “De kollektive ûnmacht dy’t der is, moatte we trochbrekke.’’

oktober 12, 2018 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*