FNP: talepaviljoen MeM behâlde

oktober 4, 2018 09:35

Talepaviljoen MeM yn de Prinsetún. Foto: Omrop Fryslân.

De FNP wol dat it Talepaviljoen ‘MeM’ yn de Prinsetún yn Ljouwert beholden bliuwt. Dat die justerjûn bliken yn in gearkomste fan de Steaten fan Fryslân. Steatelid Sybren Posthumus sei dat der in soad positive reaksjes binne oer de ‘MeM’. Boppedat is it mei jilden fan kulturele haadstêd betelle, mienskipsjild. ‘Wêrom soe it dan as ûnderdiel fan de ‘legacy’ fan Kulturele haadstêd’ net beholden bliuwe kinne foar de stêd?’.

It talepaviljoen MeM stiet no te keap op Marktplaats. Posthumus fernuveret him dêr oer. Wêrom is dêr earst net in fatsoenlike publike diskusje oer holden? Boppedat wurdt út de kultuersektor wei frege om in ‘produksjehûs’ yn Ljouwert foar uteringen op it mêd fan taal en keunst. De ‘MeM’ soe mooglik sa’n funksje ferfolje kinne. Yn antwurd op de fragen fan de FNP andere deputearre Poepjes dat yn in kontrakt al fêstlein wêze soe dat it talepaviljoen wer ferkocht wurde moat.

oktober 4, 2018 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.