FNP: mear foech is better foar Fryslân

oktober 25, 2018 19:08

Oanbieding FNP-fyzje yn Dokkum (foto FNP)

LJOUWERT – De Frysk Nasjonale Partij (FNP) is fan betinken dat Fryslân folle mear sizzenskip krije moat, omdat dat in soad foardielen foar de ynwenners fan Fryslân opsmyt. Dat docht bliken út de FNP-takomstfyzje ‘Fryslân sels oan it roer’ dy’t op 24 oktober presintearre is.

De foardielen binne, neffens de FNP, in hegere ekonomyske groei en dêrmei minder wurkleazen, it behâld fan jong talint foar de regio (ûnder mear mei in eigen folweardige universiteit), in duorsum Fryslân dat folslein yn syn eigen enerzjy foarsjen kin, in bettere sprieding fan foarsjenningen en in bestjoer dat tichter by de boarger stiet.

Basis fan de útwurke fyzje is dat besluten oer Fryslân ek it bêste yn Fryslân sels nommen wurde kinne, sadat der troch de regio (dus de Steaten fan Fryslân) maatwurk levere wurde kin foar de Fryske mienskip. Dat jout foardielen foar de minsken yn Fryslân sels, mar it jout ek foardielen en kânsen foar de rest fan Nederlân, sa wol de FNP ha. Mei mear sizzenskip bedoelt de partij dat Fryslân in bysûndere posysje yn it Keninkryk kriget, in regio mei wetjaand foech en de byhearrende budzjetten om de taken goed út te fieren. Dat is te ferlykjen mei regio’s as Wales, Súd-Tirol yn Italië en Ostbelgien yn België. De helte fan de regio’s yn de EU hat al ekstra foech krige. Neffens FNP-steatelid Sybren Posthumus is it net mear fan dizze tiid dat hast alle besluten yn De Haach nommen wurde.

Op dit stuit, sa ferdútst de FNP, is der yn Fryslân in soad ferlies fan talint (‘braindrain’) en altyd mear wurkleazens as gemiddeld yn Nederlân, binne der legere ynkommens yn Fryslân, is der skea troch gas- en sâltwinning en is de befolking net tefreden oer polityk-De Haach. Sa soe bygelyks mar 15% fan de Friezen fine dat it Nederlânske regear wit wat der spilet yn Fryslân. En bliuwt de driging fan opskaling yn in ‘noardlik lânsdiel’, wat – sa hâldt de partij út – de befolking fan Fryslân net nei it sin is.

Mei de nije fyzje wol de FNP in better perspektyf biede. Neffens de partij hat wittenskiplik ûndersyk oantoand dat regio’s mei mear foech in signifikant hegere ekonomyske groei hawwe. Yn de yn de takomstfyzje sketste situaasje hat Fryslân sels lobbyisten yn De Haach en Brussel en in eigen fertsjintwurdiging yn Brussel. Fryslân hannelet dan de eigen subsydzjesaken ôf mei de EU. Doel is mear subsydzjes yn te heljen en it bedriuwslibben te helpen. De FNP wol derop oan dat it Fryske parlemint sels wetten ôfskaffe of oanpasse kin. Mei in fiks útwreide budzjet kin in grutte ympuls jûn wurde oan bygelyks de (sikehûs)soarch, it iepenbier ferfier, kultuer en kinne de lêste problemen mei grutte diken oplost wurde, lykas by de Skarsterrien en de slûzen fan de Ofslútdyk. Om’t de FNP de befolking belûke wol by de plannen is de fyzje as earste útrikt oan fertsjintwurdigers fan de aksjegroepen ‘Tsjingas’ en ‘Red de Sionsberg’.

oktober 25, 2018 19:08
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Albert oktober 25, 21:42

    Einlings… Hulde en no trochsette!

  2. Sybren oktober 25, 22:49

    It soe moai wêze as de oare partijen dit stik op syn merite besjen wolle. Se sille it wol ôfwize, mar ha se bettere ideeën? En miskien is it dochs ynteressanter foar harren ek om macht te hawwen yn Ljouwert, yn stee fan biddelje te moatten yn Den Haach.

  3. Jelle oktober 26, 12:10

    Bêste Sybren, fansels sille se it ôfwize: se hawwe de macht al en se hawwe gjin belang by feroarings. De FNP wol de macht werombringe wêr it heart: de boargers fan Fryslân. Dat hjit demokrasy. No is it te hoopjen dat de Friezen dat ek ynsjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.