FNP hat grutte soarch oer takomst sikehuzen Fryslân

oktober 31, 2018 12:01

De steatefraksje fan de FNP hat begrepen dat der ûnrêst is by sikehuzen yn Fryslân, te witten dy fan Drachten, It Hearrenfean, Snits en de poliklinyk fan Dokkum. Dy ûnrêst spilet ek by de pasjinten dy’t gebrûk meitsje fan dy sikehuzen. De FNP fraksje stelt hjoed yn de steategearkomste mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

Reden fan de soargen is de fiergeande konsintraasje fan medysk spesjalistyske soarch yn it MCL yn Ljouwert en it UMCG yn Grins. Dêrtroch wurde funksjes yn oare sikehuzen en soarchsintra útklaaid. It soe in gefolch wêze fan de koers[1]  dy’t ‘De Friesland’ fart om safolle mooglik saken te konsintrearjen yn Ljouwert en Grins.

Fan Deputearre Steaten wol de FNP-fraksje witte oft hja ‘De Friesland’ oansprekke sille op de nije koers en de ûnrêst dy’t dy meibringt. “Binnen in healoere autoriden moat beskikt wurde kinne oer akute soarch”, seit wurdfierder Corlienke de Jong. “Der sil ferplichte foldien wurde moatte oan berikbere soarch foar elkenien”. De Sionsberg, it sikehûs fan Dokkum, wurdt net iens mear neamd yn de fyzje fan De Friesland. De FNP wol graach witte wat dat betsjut foar de ynwenners fan Noardeast-Fryslân en omkriten.

[1] https://www.defriesland.nl/Images/Toekomstvisie%20Friese%20gezondheidszorg%202020-22362.pdf

oktober 31, 2018 12:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.