Film oer wrâldferneamde band Coldplay foar ien kear op grut skerm

oktober 21, 2018 09:16

Kinepolis, De Bios en Cine Snits fertoane Coldplay: A Head Full of Dreams op 14 novimber yn ’e bioskoop. De film folget de bjusterbaarlike reis fan de wrâldferneamde band – fan it beskieden begjin oant konserten yn folle stadions. It portret, dat grutte yndruk makket, is mar ien jûn op it wite doek te bewûnderjen.

Ofbylding: Kinepolis

Yn Coldplay: A Head Full of Dreams fertelt ien fan de ferneamdste bands yn ’e wrâld foar de earste kear sels syn hiele ferhaal. Regisseur Mat Whitecross filme foar en efter de skermen fan de wrâldtoer A Head Full of Dreams. Mar dêrneist befettet de film ek opmerklik en nea earder fertoand argyfmateriaal fan de ôfrûne tweintich jier. De bylden fan in tige jonge Chris Martin, dy’t foar de grap seit dat se mei syn fjouweren in mega-band wurde sille, binne mei weromwurkjende krêft bysûnder om te sjen.

Praktyske ynfo Coldplay: A Head Full of Dreams

  • Woansdeitejûn 14 novimber 2018
  • Lingte: 110 minuten
  • Kaartsjes: € 13,50
  • Te sjen by Kinepolis Almere, Breda, CineMagnus Schagen, CineMeerse Hoofddorp, Den Bosch, Dordrecht, Ynskedee, Emmen, Grins, Jierbeurs Utert en Zoetermeer

Film ek yn Fryslân te sjen
De Bios yn Drachten en op It Hearrenfean en Cine Snits fertoane de film Coldplay: A Head Full of Dreams ek op 14 novimber. De film begjint om 20.30 oere. Sjoch op www.biosdrachten.nl, www.bios-heerenveen.nl en www.cinesneek.nl foar mear ynformaasje.

oktober 21, 2018 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.