Fiif meter heech hynder fan ôffalplestik fart troch Ljouwert

oktober 9, 2018 13:04

Ea like ús de útfining en it ynheljen fan plestik in geweldige foarútgong, mar no beseffe wy dat wy ús dêr grutte swierrichheden mei op ’e hals helle hawwe. Plestiksop wurdt in hieltyd grutter probleem. Dêr moat feroaring yn komme. Op 10 oktober 2018 lit The Green Alert mei Frisian Trojan Horse dat dúdlik sjen. It fiif meter grutte hynder, makke fan ôffalhout en plestik omsweefôffal, sil dan troch de grêften fan Ljouwert farre om omtinken te freegjen foar de wize wêrop’t we no mei plestik omgeane en hoe’t we dat feroarje kinne. Tagelyk sil Frisian Trojan Horse op ludike wize ferbining lizze mei alle oare duorsume eveneminten dy’t op de Fryske Dei fan de Duorsumens organisearre wurde. 

Plestik omsweefôffal, de boaiem, ús iten en ús sûnens hawwe alles mei-inoar te krijen. Plestik falt yn ferrin fan tiid ûnder ynfloed fan sinneljocht, wyn en wetter útinoar yn hiel lytse partsjes. Dy saneamde nanoplestiks binne tsjintwurdich oeral yn ús fiedselsysteem werom te finen. Mei de fabrikaazje fan plestik hat de minske in prachtich produkt ûntwikkele, mar mei in bittere bysmaak. Elk jier wurdt mear as 340 miljoen ton plestik produsearre. Sawat de helte dêrfan is om ien kear te brûken en wurdt dêrnei fuortendaliks fuortsmiten. As we dêr sa mei trochgeane, sil der yn 2050 mear plestik yn de oseanen sitte as fisk; ús plestikprobleem wurdt yn tsien jier tiid trije kear sa grut.

Frisian Trojan Horse is in inisjatyf fan The Green Alert. Mbo en hbo-studinten betochten it konsept ûnder de flagge fan O3 Ljouwert (in learbedriuw fan ROC Friese Poort, NHL Stenden en Friesland College) mei as doel duorsum dwaan en tinken yn omtinken te bringen. Mei lokale keunstners bouwe se fan ôffalhout en plestik omsweefôffal in grut ‘hynder fan Troje’.

Under de tocht oer it wetter beynfloedet The Green Alert mei Frisian Trojan Horse direkt it hâlden en dragen fan de omstanners troch harren plestik fleskes ynleverje te litten foar in duorsum alternatyf.

De iepening is 10 oktober 2018 om 08.45 oere op de Harnzertrekwei neist de Keamer fan Keaphannel. Dêrwei fart de Frisian Trojan Horse oant 16.00 oere troch de grêften fan Ljouwert.

oktober 9, 2018 13:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.