Festival LUNA set Ljouwert yn it ljocht

oktober 9, 2018 10:38

Ljochtkeunstners tsjoene de Ljouwerter binnenstêd om mei audiovisuele keunstwurken

Wurk fan Robert Sochacki (foto: Robert Sochacki)

Op 22, 23 en 24 novimber oerrompelje keunstners en ûntwerpers út binnen- en bûtenlan de traskôgers op ûnferwachte plakken yn de binnenstêd mei ljocht, lûd en eksperimint by it Ljouwert Urban Night Adventure, oftewol LUNA. Dêrneist is der fan alles te belibjen op it mêd fan film-, ljocht- en lûdskeunst.

Magysk ferljochte gebouwen, fideo-mappings op de gevel fan in monumintaal gebou of op de kaai fan in kanaal, nuveraardige elektroanyske ynstallaasjes op pleintsjes en yn gloppen dy’t normaalwei net ûntdutsen wurde soene. LUNA is in feest foar de sinnen, fergees tagonklik foar elkenien, in spannende speurtocht foar de tafallige foarbygongers en foar kenners.

Yn 2016 wie de súksesfolste pilot fan LUNA: fyftjin keunstners makken trije dagen lang fan Ljouwert in magyske stêd. It ljochtfestival luts sa’n 45.000 minsken de stêd yn.

Ljouwert Life troch Robert Sochacki (PL)
Under oare keunstner Robert Sochacki (Poalen) makket ûnderdieln út fan LUNA 2018. Sochacki makket fan it Gûverneursplein in feeëryk lânskip mei fantasijfolle en kleurrike ferhalen en bysûndere lûden dy’t er yn de direkte omjouwing ophellet en fermingt mei syn ûneinige samling oan bylden dy’t op it netflues hingjen bliuwe. It folsleine programma wurdt letter bekend makke.

LUNA is ûnderdiel fan de slotfestiviteiten fan Ljouwert-Fryslân 2018.

oktober 9, 2018 10:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.