Feie Fonyk: Guillotine

oktober 5, 2018 10:20

Henk Breukink is sûnt 2007 kommissaris by ING en hy hat in grutte bek. Te grut as jo it my freegje en it wurdt heech tiid dat ien him op syn grutte bek slacht. Dy grutte bek hat er net fan hjoed of juster. Dy hat er al jierren. Sa’t wy allegearre witte, wiene der in tal jierren lyn grutte problemen by de banken. ING is doe mei help fan de belestingbeteller – mei ús dus, ienfâldige minsken dy’t gjin weet hawwe fan wat der yn de tige ingewikkelde finansjele wrâld omgiet en dy’t yn grutte oanbidding lizze fan minsken dy’t der wol ferstân fan hawwe, lykas Henk Breukink – holpen om oerein te bliuwen.

Minsken mei sûn ferstân ferwachtsje dat de lieding fan sa’n bank foarsichtiger wurdt mei beleanningen fan harren topminsken. Sa net ING. Yn maart fan dit jier soe topman Ralph Hamers in salarisferheging fan 50% krije. Pas nei grutte maatskiplike ûnrêst, krityk fan de Twadde Keamer en it regear waard dat beslút, dat mei troch Henk Breukink nommen wie, weromdraaid.

It is nijsgjirrich om nei te gean wat Breukink syn ideeën binne oer it domme folk, dêr’t er yn ús lân mei te krijen hat. In sitaat ut it Financiële Dagblad fan 2015: ‘Veel politici beleven nu hun finest hour door zich af te zetten tegen de financiële sector. Steeds maar weer gaat het over beloningen en de bonussen.’ Hy is boppedat fan betinken dat de minsken dy’t yn de top fan de bankwrâld wurkje net sa skiterich wêze moatte, it is better om yn de oanfal te gean, want, seit er: “Door te duiken maak je het alleen maar erger.”

In moai foarbyld fan dy hâlding wie ôfrûne woansdei te finen, op ‘e nij, yn it Financiële Dagblad. It gie oer de 795 miljoen dy’t ING as boete krige yn ferbân mei it wytwaskjen fan krimineel jild. Neffens Breukink is it net ienfâldich om soks troch in bank oan it ljocht te bringen. Troch der safolle omtinken oan te jaan wurdt it wantrouwen tsjin grutte organisaasjes der grutter troch en: “Het is bijzonder hardvochtig.”

Eins is Breukink fan betinken dat de Twadde Keamer en de parse harren der net sa mei bemuoie moatte: ‘Het is tijd dat de ‘club van 150’ zich gaat realiseren dat het een bredere en overbruggende rol heeft en niet moet wijzen naar anderen waar iets foutgaat’… en (…) de toonhoogte van volksvertegenwoordigers wel een andere mag zijn’. Oer de sjoernalisten: ‘Dit is precies waarom mijn collega’s niet met jullie praten. Het accent ligt op: u moet zich schamen, u doet het fout. Jullie willen horen hoe fout het is.’

Wat moatte wy no mei sa’n man dy’t net begrypt wêr’t it om giet en dat, sjoen syn eardere útspraken, nea begrepen hat. Der binne in stikmannich mooglikheden. Minsken soene massaal nei in oare bank oerstappe kinne. Of…

Op 21 jannewaris 1793 waard kening Louis XVI de kop ôfslein. In jier of tsien jier earder hie it Frânske regear in wet oannommen om de deastraf humaner út te fieren. Dokter Joseph Ignace Guillotin kaam mei it idee om in ienfâldige masine mei in falbile te brûken. In beul mei in bile sloech wolris mis en dat jout sa’n rommel. Gelokkich libje wy yn oare tiden om minsken dy’t har misdrage te straffen. Mar yn swakke mominten tink ik wolris: Soe it net in idee wêze om op de Dam yn Amsterdam in replika fan sa’n masine fan pypskom del te setten as wârskôging fan wat der barre kin as minsken echt harren nocht krije fan sokken as dy Breukink. Salang’t dy der net stiet hawwe wy gelokkich in frije parse dy’t Breukink as in guillotine op de nekke sit.

 

 

 

oktober 5, 2018 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.