Feie Fonyk: brek oan juf en master

oktober 11, 2018 13:00

Ast de kranten leauwe meist, dan sjocht it der min út foar it ûnderwiis. De kommende jierren gean der in soad ûnderwizers mei pensjoen en nije minsken skine net te finen te wêzen. Dat hat mear as ien oarsaak. Yn de Rânestêd is it net maklik om oan wenromte te kommen. Dat betsjut dat in soad minsken der tsjinoan hingje om te ferhúzjen. Ofrûne sneintejûn hie Arjen Lubach yn Lubach op Zondag in nijsgjirrich item oer de starters op de wenningmerk of it finen fan in hierhûs en hoe‘t guon lju mear as hûnderten huzen as belizzing opkeapje, sadat oaren der net mear oan te pas komme. Sjoch nei dat programma. It sit eltse kear sjoernalistyk perfekt yninoar en der falt in soad te laitsjen.

Mar no werom nei it ûnderwiis. In oare faktor is dat de beleaning net oerhâldt. Dat sil net de grutste reden wêze, want der binne noch altyd jonge fammen en manlju dy’t mei entûsjasme begjinne, mar dy’t der nei in pear jier genôch fan hawwe.

Wy hawwe yn ús lân tûzenen dy’t om it ûnderwiis hinne hingje. Ast de wurden ‘raad’ en ‘onderwijs’ yntypst op Google dan krigest yn 0.38 sekonden krap fjirtjin miljoen hits. Wy hawwe in Onderwijsraad, in PO-raad, in VO-raad, in MBO-raad, in AOC-raad en rieden fan tafersjoch om mar in pear te neamen. Al dy direkteuren, rieden, bestjoerders, ûnderwiissaakkundigen, ûnderwiissosjologen, psychologen en didaktysk meiwurkers bemuoie harren mei it ûnderwiis en de minsken dy’t it deistige wurk útfiere moatte. Dêr wurde se net fleurich fan. Dan hawwe wy it noch net oer de krityske âlden. Al mei al is it ûnderwiis lang net wat it wêze moat, ast it nijs leauwe meist.

Fûnemintele kunde en kennis kin it bêste oerbrocht wurde troch minsken

It mei in wûnder hjitte dat de wurkers yn it fjild, de juffers, masters en leararen, net de brut derby delsmite, harren lokaal foar altyd farwol sizze nei’t se mei in grutte filtstift op it digitale boerd skreaun hawwe: “Doch it dan sels!” Dat dogge se net, want ûnderwiis jaan is in prachtich berop. Eltse dei binne de measte minsken foar de klasse mei hert en siel dwaande om de jongerein dingen by te bringen dy’t se noch net wisten of koene.

Der komt yn dizze tiid noch wat by. De ûnwissens oer wurk hat noch nea sa grut west. De polityk mei dan de mûle fol hawwe oer needsaaklike ‘fleksibilisearring’ fan wurk, it betsjut foar in soad minsken dat se moarn ‘op strjitte’ stean kinne, omdat harren baan ferdwûn is nei in lân dêr’t minder fertsjinne wurdt of telâne kaam is by goedkeapere wurkkrêften út East-Europa. Dat gefaar is minder grut yn it ûnderwiis, mar dêr nimt de ûnwissens ek ta.

Kinst de frou of man foar de klasse net samar ferfange, hoewol? Fanselssprekkend giet de digitale revolúsje net oan it ûnderwiis foarby. Kinst tsjintwurdich in soad leare mei help fan ynternet en de kwaliteit fan de measte programma’s is bjusterbaarlik goed. Dat sil de kommende jierren allinne noch mar better wurde. Dochs bin ik derfan oertsjûge dat fûnemintele kunde en kennis it bêste oerbrocht wurde kin troch minsken, ik bedoel libjende minsken yn libben kontakt mei oaren. Troch it kontakt tusken masters, juffen, leararen en learlingen.

 

oktober 11, 2018 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*