Fan tuorkemjitters en lyntsjesnijers

oktober 6, 2018 08:00 Fernijd

Folksferhaal

Doe’t yn 1723 de tonger yn de toer fan de Sint-Pankrastsjerke fan Aldeboarn ynsloech, wie dy der sa min oan ta, dat der moast in nije toer komme. Dêr waard lang oer redendield. No’t it gefal der dochs sa hinne lei, moast it in bysûndere toer wurde, ien dy’t al fan fierren te sjen wêze soe, wiene de Boarnsters fan betinken. Der wenne yn Boarn in skipper dy’t wolris mei fracht nei Hylpen west hie. Dêr hiene dochs wol sa’n moaie toer, mei in lampe der boppe yn. Sa’nien moasten se eins yn Boarn ek hawwe. Dat der waarden in pear manlju nei Hylpen stjoerd om de toer goed te besjen en der in tekening fan te meitsjen. Dy lampe moast fansels wol goed heech, sadat yn de wide omkriten te sjen wêze soe wêr’t Aldeboarn lei. It wie bekend dat yn Tjom in geweldich hege toer stie. De langste fan hiele Fryslân, waard wol sein. It soe dochs wol prachtich wêze as de nije toer fan Boarn noch justjes heger waard. Twa Boarnsters beaen har oan om nei Tsjom mei de fraach oft se de toer beklimme mochten. Ungemurken soene se dan mei in line fan tin tou de hichte fan de toer mjitte.

Tsjom (foto Wikimedia Commons © G. Th. Delemarre)

De reis gie oan. Nei hjir en dêr wat freegjen kamen se derefter wêr’t de koster wenne. Se seine dat se graach yn de toer op woene, want se hiene sizzen heard dat men dan sa’n prachtich útsicht oer de greidhoeke hie. Dat woene se sjen. De koster tocht: jimme leaver as ik, en joech harren de kaai. De manlju ûnthjitten dat se de kaai werombringe soene sa gau as se wer ûnder wiene.

Foardat se de klim begûnen wuollen se de iene útein fan de line om in stien hinne dy’t dêr lei. Se giene earst by de fêste trep en fierder in by stikmannich ljedders op dy’t harren hieltyd in souder heger brochten. Underwilens wuollen se it tou ôf. Op in stuit wie der gjin ljedder dy’t noch heger gie. Se lutsen de lêste ljedder omheech en kamen op de foljende souder. Dat diene se noch in pear kear en doe waard it boppe sa smel dat se net heger koene. Se makken in skatting, de spits kaam grif noch wol tsien meter heger út as dêr’t se stiene. As de Boarnster toer heger wurde soe as de Tsjommer, dan moast dêr ek noch in pear meter by rekkene wurde.

Doe’t se dat bepraat en bemetten hiene, koene se wer nei ûnderen ta. De ljedder sa sakje litte dat er stevich genôch stie foel noch net iens ta, dat se wiene bliid doe’t se by de fêste ljedders del fierder nei ûnderen koene. Under yn ’e toer wuollen se de line strak op, sadat er wer yn de sek koe dy’t se as tas by harren hiene. Dan foel it net sa op. Se fielden de skonken wol. It like harren it bêste en bliuw mar in nacht yn Tsjom. By de koster joegen se de kaai ôf en doe giene se nei de herberch.

De kastlein wie bliid mei in pear reizgers. Hy traktearre se op in slokje en se lieten harren in goed waarm miel foarsette. Underwilens makke de kastlein in praatsje. Hy wie nijsgjirrich wêr’t se wei kammen en wêr’t se hinne moasten. Se wiene dêr net al te iepen oer, mar se lieten wol los dat it Boarnsters wiene. Doe’t har nei iten de lea bejoegen, wiisde de kastlein harren de gastekeamer en al gau hiene se de sliep te pakken.

By it oanfeien fan de taap, seach de kastlein de sek ûnder de tafel lizzen. En al wie er alhiel net nijsgjirrich, hy woe dochs wol witte wat dêryn siet. No, dat wie net folle mear as in oprôle line. Jûns let kaam de koster ek noch efkes oan foar in slokje. It praat kaam op de beide gasten. De koster kloarke oft kastlein ek te witten kommen wie watfoar manlju dat wiene. Hy fertroude it mar amper, twa manlju dy’t graach yn de toer op wolle om it moaie útsicht dat se dan hawwe soene. Doe’t er hearde dat it Boarnsters wiene, waard er erchtinkend. Hy wist dat dêr in nije toer komme moast. Soene se soms de Tsjommer toer neibouwe wolle? Dochs eigenaardich. De kastlein fertelde dat se in sek ûnder de tafel lizze litten hiene en dat er tafallich sjoen hie dat dêr in kleaune tou yn siet. Doe gie de koster in ljochtsje op. Dat spul koe wolris luzen hawwe. As se de toer bemetten hiene, dan hie dat grif as doel dat de nije toer like heech, sa net heger, as dy fan Tsjom wurde soe. Dêr moasten se in stokje foar stekke. De kastlein wist wol ried. As se no dat tou ris in fiks ein ynkoarten. Dat soe grif net opfalle. Hy helle in mes en op ’e rûs snie er in stik fan it tou ôf. De útein bûn er krekt sa om de kleaune sa’t de manlju dat dien hiene, dat dy soene der wol neat fan yn ’e rekken krije wat der mei harren tou bard wie.

De oare moarns wiene de gasten der al betiid ôf. Nei it moarnsbrochje rekkenen se ôf, namen de tas sûnder euvelmoed ûnder de tafel wei en setten de stap deryn. Doe’t se yn Aldeboarn oankamen waarden se as helden ynhelle. No koe it bouwen begjinne. It doarp hie trettjin jier tsjin in slim skeinde toer oansjen moatten en yn dy tiid wie der genôch jild garre om in mânske nijenien te setten. De timmerman makke in ûntwerp neffens de toer fan Hylpen en mei in hichte dy’t neffens de lingte fan de line op syn minst 45 meter wêze moast. Foar de wissichheid die de ûntwerper der in pear meter by.

Aldeboarn (foto Wikimedia Commons © Michiel Verbeek)

It ûntwerp seach der prachtich út. Folle moaier as de toer fan Tsjom en fansels in stik heger as dy fan Hylpen. Dêr wie elkenien it oer iens, al hiene de measten dy oare tuorren noch nea sjoen. It wie yn 1736 dat de bou úteinsette koe. In jier letter waard it heechste punt berikt. Mei grutskens seagen de Boarnsters it oan. No hiene sy de heechste toer fan Fryslân! De beide manlju dy’t de toer yn Tsjom metten hiene foel it wat ôf. Op it each seach men it fansels net sa goed, mar it tocht harren dat de Tsjommer toer dochs heger wie. Of soe it allinne mar sa lykje, trochdat in koepel oars toant as in spits? Se praten der mei de timmerman oer. Dy tocht it wol gesichtsbedroch wêze, of se moasten yn Tsjom net goed metten hawwe.

Doe’t yn Tsjom bekend waard dat de Boarnster toer klear wie, kaam it yn de herberch ek te praat. De kastlein en de koster hiene harren oant dan net útlitten oer de fyt dy’t se úthelle hiene. No’t de bou dan einliken ôf wie, mocht it wol buorkundich wurde. De koster sei dat de Boarnsters tochten dat se no de heechste toer fan Fryslân hiene, heger as dy fan Tsjom, mar dat hy der wis fan wie dat se dêr mis mei wiene. En doe fertelde er wat him in moai tal jierren lyn yn Tsjom foardien hie. De kastlein koe it bewize. Dy helle it ein tou foar it ljocht, dat er al dy tiid bewarre hie. Hy sei: “Ik sil it foar de aardichheid ris mjitte.” Hy meat 25 meter. “As de Boarnsters harren toer neffens de line boud hawwe dêr’t se mei út Tsjom wei kommen binne, dan skeelt it 25 meter.” Sûnt dy tiid wurde Aldeboarnsters tuorkemjitters neamd en hawwe de Tsjommers de skelnamme fan lyntsjesnijers.

oktober 6, 2018 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Memmeminske oktober 6, 09:32

    In hiel bysûndere toer , net allinnich dat hy moai is mar ek omdat hy skean stiet. Welke toer yn Fryslân hat dat no !

  2. jangerben mulder oktober 6, 23:39

    de Oldehove

  3. Jel oktober 7, 00:18

    De toer fan Pisje

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.