Famke (8) hellet 1500 jier âld swurd út mar

oktober 5, 2018 09:21

In achtjierrich famke hat yn Sweden in 1500 jier âld swurd opfiske út in mar. Under it swimmen op fakânsje yn Jönköping helle Saga Vanecek it 85 sintimeter lange wapen út de blabze.

Kaart: Wikipedia/NordNordWest – lisinsje CC BY-SA 3.0)

“Ik fielde wat yn it wetter en luts it omheech. Doe’t ik de hângreep seach, sei ik tsjin ús heit dat it derútseach as in swurd”, fertelde Saga oan de Sweedske media. De fynst wie foar it Sweedsk-Amerikaanske famke ekstra bysûnder om’t se fan is fan it Vikings NFL-tiim.

Har heit toch earst dat Saga “in opfallende stôk” boppe wetter helle hie, mar fierder ûndersyk wiisde al gau út dat it om in bysûnder archeologyske fynst gie. Neffens eksperts is it wapen bysûnder goed bewarre bleaun. De skeef fan lear en hout sit noch om it limmet. Neffens it pleatslik museum wie de fynst mooglik trochdat it wetter yn de mar ôfrûne simmer troch de drûchte útsûnderlik leech stie. Undersocht wurdt oft der noch mear fynsten dien wurde kinne. Dêrby is al in brosj út de izertiid fûn.

Archeologen hawwe noch gjin aan hoe’t it swurd yn it wetter bedarre is. It kin as offer yn de mar smiten wêze of ienfâldichwei ferlern, mar it is ek mooglik dat it fuortspield is út in grêf.

oktober 5, 2018 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.