Europeeske konferinsje amateurteater ‘Challenging the local’

oktober 10, 2018 08:40

Fan 18 o/m 20 oktober 2018 wurdt de earste Europeeske konferinsje foar it amateurteater yn Fryslân holden. Under de neamer ‘Challenging the local’ sille teaterwittenskippers en regisseurs út Europa it Fryske amateurfjild ynspirearje en útdaagje mei lêzings en wurksjops. It amateurteater yn Fryslân hat in rike tradysje en is folop yn beweging, mar komt ek de nedige útdagings tsjin. Hoe is dat yn de rest fan Europa?

Oanlieding foar de konferinsje ‘Challenging the local’ is it hûndertjierrich bestean fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) dit jier. STAF wurket dêrby gear mei de oplieding Dosint Teater NHL Stenden, Keunstwurk en it ynternasjonale netwurk STEP (Projects on European Theatre Systems). Mei-inoar wolle se in ympuls oan it amateurteater jaan. Hoe soarget men dat it amateurtoaniel in relevante betsjutting hâldt foar de mienskip? Hokker útdagings moatte we dêrfoar oangean?

Sawol wittenskippers, studinten, toanielferienings en profesjonele teatermakkers hawwe oan it programma meiwurke. In unike gearwurking tusken praktyk, ûnderwiis en wittenskip op Europeesk nivo. De wurksjops, lêzings en presintaasjes fan artistyk ûndersyk binne tagonklik foar elkenien dy’t aktyf is yn it amateurteater as amateur, profesjonal, ûndersiker of studint.

Op de webside fan Keunstwurk stiet it programma en kinne dielnimmers har oanmelde.

oktober 10, 2018 08:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.