‘Escher op reis’ mei 256.450 besikers suksesfolste útstalling ea foar Frysk Museum

oktober 29, 2018 19:19

ôfbylding: fan it Fries museum

Mei de útstalling Escher op reis hat it Frysk Museum 256.450 besikers lutsen. It is dêrmei de bêst besochte útstalling ea yn de histoarje fan it museum, dat foarearst 120.000 besikers ferwachte. Mei dat sukses lit Escher rekôrderhâlder Alma-Tadema, dy’t yn 2016-2017 yn fjouwer moanne 158.00 besikers luts, fier efter him. Troch de net earder sa populêre útstalling fan Escher op reis wie it museum in healjier lang sawat alle dagen útferkocht. Besikers en (ynter)nasjonale media wiene foaral tige optein oer de kwaliteit fan de útstalling.

Fan 28 april oant en mei 28 oktober helle it Frysk Museum M.C. Escher werom nei syn bertestêd Ljouwert. Yn Escher op reis wie syn ûntwikkeling fan grafysk talint oant wrâldferneamd keunstner te folgjen. Mei mear as tachtich orizjinele printen, sa’n tweintich tekeningen en ferskate foto’s en oar guod folgen de besikers de fuotspoaren fan de reislustige grafikus, dy’t yn Italië en Spanje ynspiraasje opdie foar syn bekendste wurken. It ynnovative útstallingsûntwerp fan XPEX Amsterdam fersterke it ûndergean fan Eschers libben en wurk.

Museumdirekteur Kris Callens sjocht foldien werom: ‘It Frysk Museum is grutsk dat it mei Escher op reis in healjier lang it hert fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wêze mocht. Wy binne deryn slagge om mei in sterk opboud ferhaal en mei orizjinele printen nij ljocht op it wrâldferneamde wurk skine te litten. 3D street art, Escher yn it nôt en aktiviteiten mei bern en âlden makken it yn ‘e stêd, yn de omkriten en op social media ta in projekt fan en foar elkenien: Planeet Escher. Mei Phantom Limb – Art Beyond Escher krige de útstalling in ynspirearjende hjoeddeistige útwreiding. Dit jier jout ús de enerzjy om út ús Fryske woartels wei ynternasjonale útstallingen fan hege kwaliteit mei in lege drompel mooglik te meitsjen.’

Net earder sa’n sukses
De útstalling wie fan it begjin ôf populêr. It museum wie frijwol elke dei útferkocht en ferromme dêrom ferskillende kearen de iepeningstiden. Ut publyksûndersyk blykt dat besikers de útstalling yn trochsneed mei in 8,4 beoardielen. Fan de besikers kaam 96% spesjaal foar de Escherútstalling nei it museum ta. Ut Fryslân kaam 22%, út it bûtenlân 10% en út de rest fan Nederlân 68%. Foar krekt wat mear as de helte wie it de earste besite oan it Frysk Museum. Online waard it museum ek goed besocht. Yn de útstallingsperioade waard de webside 700.000 kear besjoen.
Dêrneist blieken de audiotoer en ynteraktiviteiten in gouden greep. De audiotoer, ynsprutsen troch topakteur Pierre Bokma en yn it Ingelsk troch regisseur Peter Greenaway, waard troch 71.000 besikers beharke. Yn de Escherstudio, neiboud nei Eschers wurkplak yn Rome, makken 8.212 besikers in digitale houtsneed en 41.166 besikers in selfy nei it foarbyld fan it topstik Hand met spiegelende bol (1935).

Media-oandacht
De parse hie ek in soad omtinken foar Escher op reis. Der kamen 1.814 artikels út yn printe media en op it ynternet, mei in mediawearde fan € 5.198.103. NRC joech de ‘prachtige eksposysje’ fiif stjerren en neamde de útstalling ‘adembenemend’ en ‘verbluffend mooi uitgelicht’. Yn de Ljouwerter Krante waard de ‘útsûnderlike beljochting’ ek bejubele. BBC kroande Escher op reis ta ‘it artistike hichtepunt fan Kulturele Haadstêd’ en New Scientist neamde it in ‘fraaie, ferhelderjende en wiidomfiemjende útstalling, dy’t absolút in besite wurdich is’.

Ekonomyske betsjutting foar Ljouwert
Besikers bestegen mei-inoar € 8.061.814 yn Ljouwert oan kaarten, iten, drinken, oernachtsjen, winkeljen en oare aktiviteiten. 195.325 minsken kamen spesjaal foar it Frysk Museum nei Ljouwert ta of binne langer yn de stêd bleaun fanwege de útstalling. Fierder oernachten 29.270 minsken yn trochsneed 1,8 nacht. De útstalling soarge foar mear as 53.000 oernachtingen yn de stêd.

Leare, lêze, keapje
Mear as 7.300 learlingen besochten de útstalling. Fan harren giene fiifhûndert sels oan it wurk mei in byldzjende aktiviteit yn it atelier fan it museum. Nochris sa’n 3.100 learlingen krigen gastlessen oer Escher op skoalle.

ôfbylding: fan it Fries museum

De museumsjop en pop-up store diene it ek goed. Fan de twatalige útstallingspublikaasje waarden 7.272 eksimplaren ferkocht. Yn totaal giene 196.119 artikels oer de toanbank. De omset fan de museumwinkel wie dêrmei € 927.714.

Escher en Rembrandt
Mei de ein fan Escher op reis is de grafikus noch net út it each. Planeet Escher rint noch it hiele jier troch en de útstalling Phantom Limb: Art beyond Escher is oant en mei 6 jannewaris 2019 te sjen. Dêrneist earet Keramykmuseum Prinsessehôf – it bertehûs fan Escher – ien fan syn ferneamdste bewenners oant 31 jannewaris 2020 mei in presintaasje fan jeugdfoto’s, attributen en filmfragminten. Underwilens makket it Frysk Museum him op foar Rembrandt en Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw. Fan 24 novimber ôf foarmje Rembrandt van Rijn en Saskia Uylenburgh de reade tried yn in útstalling oer it societyhoulik yn de santjinde iuw.

oktober 29, 2018 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.