Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (39)

oktober 27, 2018 08:42

ôfbylding Wikipedia Commons

Oer de weagen gean

Fuortdaalks lit ik myn learlingen mei de boat nei de oarekant ta farre. Sels bliuw ik op ’e wâl om de minsken nei hûs ta te stjoeren. Dêrnei gean ik by de berch op en sykje in gaadlik plak. Dêr bid en meditearje ik yn stilte wylst de wyn de wrâld om my hinne yn ûnstjoer jaget en de minsken dy’t op dy wrâld tahâlde.

Nachts om in oere as fiif sjoch ik de learlingen foar my. Se binne fan noed en soarch yn ûnstjoer rekke en ûnderwurpen oan de wyn en it wetter. Ik kom yn har gedachten en brek de ban. Petrus betinkt dat er krekt as ik oer de weagen gean wol.
“Kom”, sis ik, en ik lit him sjen hoe’t ûnstjoer my net yn ûnstjoer bringt.
Hy besiket it en nei in pear goede stappen kriget de twivel him yn ’e macht en hy sinkt yn wanhoop wei. Mar hy ropt:
“Hear, help my!”

Ik reitsje him oan en hy komt wer ta himsels.
“Dyn fertrouwen is lyts”, sis ik tsjin him, “hoe grut as dyn ûnstjoer en wanhoop ek binne, ik bin altyd by dy. Tink altyd oan my. Ferjit dat noait.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
oktober 27, 2018 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.