Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (38)

oktober 20, 2018 07:00 Fernijd

It brea ferpartsje

De tolve apostels komme by my werom en fertelle hoe’t se leafde, leauwe en hoop brocht hawwe by Joaden en net-Joaden. De wurgens fan ’e apostels kriget my by it hert. Ik sis:
“Jim moatte mei nei in stil plak om te bekommen en ta jimsels te kommen.”
Wy farre mei de boat de mar op. De lju sjogge wêr’t wy hinne sille en kloftsje gear op it plak dêr’t wy oanlizze. Ik bin mei har begien, want se binne as skiep sûnder hoeder. Ik sprek har ta om har te ûnderwizen en te bemoedigjen. Dan sizze myn learlingen tsjin my:
“It is al let. Stjoer de minsken mar fuort, dan kinne se yn ’e doarpen yn ’e omkrite noch wat te iten keapje.”
“Nee”, antwurdzje ik, “jim moatte se te iten jaan.”
“Moatte wy foar twahûndert sulverstikken brea en fisk keapje?”
“Hoefolle breaen hawwe jim, sjoch ris.”
Se seagen en antwurden:
“Wy hawwe fiif breaen en twa fisken.”
“Lit de minsken yn kloften fan fyftich en hundert sitten gean yn it gers.”
Ik krij de fiif breaen en de twa fisken beet en sprek de seinebea út:

Ofbylding wikimedia.org

Seinige binne Jo, Hear fan ’e ierde,
Jo litte it brea fan ’e ierde waakse.
Seinige binne Jo, Hear fan it hielal,
dy’t yn jo wiisheid alle dieren skoep.
Seinige binne Jo, Hear fan ’e Uneinichheid,
dy’t alles makke troch de krêft fan jo wurd.
Gewoan is net gewoan: it is in wûnder
dat alles wat der is, ek echt bestiet.
Jou ús jo brea te iten, Hear,
en jou ús tefredenheid en frede.

Ik brek it brea yn stikken en jou it oan ’e learlingen om te ferpartsjen en lyksa mei twa fisken. Alle minsken ite oant se genôch hân hawwe. Wat oer is, lit ik ophelje: tolve kuorfollen mei brea en fisk.

Dêr’t minsken mei-inoar partsje, ite mear as dêr’t net ferparte wurdt.
Dêr’t minsken mei-inoar partsje, is mear freugde as dêr’t net ferparte wurdt.
Dêr’t de Goede yn minsken libbet, is mear as dêr’t Er net yn minsken libbet.
De libbene God is hjir en no foar libbene minsken en net foar besit en deade dingen.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
oktober 20, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.