Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (37)

oktober 13, 2018 09:18

Syn holle op in itensboard

Ofbylding: https://www.statenvertaling.net/beeld

Kening Herodes hat Johannes finzen nommen omdat Herodias dat woe, de frou fan syn ferstoarne broer dêr’t er mei troud is. Johannes hie nammentlik tsjin Herodes, dy’t him fan syn earste frou skiede litten hie, sein:
“Jo meie har net hawwe.”
Yn ’e macht fan lege lusten docht Herodes wat Herodias wol. Mar hy lit Johannes net deameitsje, want hy mei graach nei him harkje.

Op ’e jierdei fan Herodes dûnset de dochter fan Herodias foar it selskip fan machtige mannen dat by it feestmiel oanleit. Se meie allegear graach nei har sjen. Gleon en balstjurrich swart Herodes tsjin it famke:
“Do hast sa moai dûnse. Freegje watst wolst en ik sil it dy jaan.”
Opstokele troch har mem Herodias seit it famke:
“Jou my de holle fan Johannes de Doper op in itensboard.”

Dat falt Herodes raar ôf, mar hy wol net ôfgean yn bywêzigens fan syn machtige feestfreonen. De boal slacht Johannes de holle ôf as wie er in offerlaam fan God. Hy bringt syn holle op in sulveren itensboard en jout it oan it famke en it famke jout it oan de mem. En as syn learlingen dat tryste nijs hearre, helje se syn lyk op en lizze it yn it grêf.

Kening Herodes heart fan de ferhalen dy’t de minsken oer My fertelle. Hy wurdt der bang fan en brekt der sliep om. Hy seit tsjin syn tsjinstfeinten:
“Dat is grif Johannes de Doper dy’t út ’e deaden opwekke is. Dêrom wurkje dy krêften yn him.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
oktober 13, 2018 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.