Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (36)

oktober 6, 2018 07:00 Fernijd

Haadstik 5. Net by brea allinnich

Goed nijs – it útstjoeren fan ’e apostels

Mei de learlingen reizgje ik troch doarpen en stêden en ferkundigje it goede nijs yn húskeamers en synagogen. Wa’t yn ’e lytse loege sit, kriget wer moed. Wa’t allinnich wie, kriget selskip. Wa’t lijt, fynt ferljochting. Wa’t siik wie, wurdt ferpleegd, wurdt better of wurdt bliid. Wa’t ferslaafd wie, kriget help. In protte lju dy’t ferslaafd wiene oan minne gewoanten, fine yn myn mienskip de krêft om in stap foarút te dwaan.

Meister der Reichenauer_Schule
(Wikimedia Commons)

Tagelyk binne der alle dagen noch grutte folksklibers op syk nei in sinfoller bestean. Se hongerje en toarstgje nei God. Fan ’e boat ôf sjoch ik har op ’e wâl stean. Se binne der jammerdearlik oan ta, want se binne altyd hastich, opjage en ôfmêde, as in keppel skiep sûnder hoeder.

Ik sis tsjin ’e learlingen:
“De fjilden binne wyt om te rispjen mar arbeiders binne der net folle.”
En ik beneam út myn learlingen tolve apostels dy’t myn boadskip de wrâld oer bringe moatte. It binne:

Simon Petrus en syn broer Andreäs
Jakobus en syn broer Johannes, soannen fan Sebedeüs
Filippus en Bartolomeüs
Matteüs en Tomas
Jakobus, soan fan Alfeüs, en Taddeüs Judas
Simon de Seloat en Judas Iskariot, dy’t my letter ferriede sil.

Hja binne mei my. Ik lear har om de ûnderskate syktebylden en karakters te werkennen en de kwalen fan lea en geast better te meitsjen. Ik lear har hoe’t it fertrouwen op God, it leauwe, it karakter better makket en folsleiner. Dan stjoer ik har twa by twa op paad op om yn it iepenbier te sprekken, te preekjen en better te meitsjen.

“Ik stjoer jim as skiep tusken de wolven. Wês foarsichtich as slangen en argeleas as dowen. En komme jim troch Gods boadskip yn ’e problemen mei ferkeard folk of domme autoriteiten, sit dan net yn noed oer wat jim sizze moatte. Op it gaadlike stuit sil de hillige Geast fan myn Heit jim ynspiraasje jaan. Wês net benaud foar de fijân of foar syn kwea. Der is neat bedutsen of it sil iepenbiere wurde, noch ferburgen of it sil bekend wurde. Wat ik jim sis yn it tsjuster, sis dat yn it ljocht. Wat jim yn it ear flústerjen hearre, raas dat fan ’e dakken. Wa’t de minsken helpt oan leafde foar my, sil ik helpe oan ’e leafde fan myn Heit.

Mar myn boadskip wurdt sûnder striid oannommen. Ik bring it swurd. Ik bring gjin frede mar twadracht, en striid tusken goed en kwea, man en frou, heit en soan en mem en dochter. En fakentiids stiet ien tsjin himsels oant er ta besinning komt en ferljochting fynt en it goede kiest. Hâld fan dyn meiminske, mar hâld it meast fan my. Oars silsto faai stean en falle en it kwea yn ’e minske leaf hawwe op kosten fan it goede. Nim dyn krús op en folgje My. Ferlies in libben, win in libben, mar dy libbens sille net itselde wêze. Wa’t ien fan myn folk ûntfangt, ûntfangt My. Wa’t my ûntfangt, ûntfangt myn Heit.

En nim gjin iten of drinken mei. Jim komme as smekelingen. Jim bringe it brea en de wyn fan God. Dêrfoar werom krije jim ierdsk brea en ierdske wyn. Sa ruilje jim geskinken út en geane jim freonskipbannen oan.”

As it daget, sette de apostels twa by twa ôf om út te swaarmjen oer de wrâld en Gods boadskip te ferkundigjen.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
oktober 6, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Slûkje oktober 6, 17:32

    Net te leauwen dat Eric dit sa skriuwt. In wûnder!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.