Eltsenien hat rjocht op ferdigening!

oktober 20, 2018 10:53

troch Tjalling van der Goot

Ofrûne wike wie ik wer efkes werom yn de tiid. In déjà vu, om in minder geef Frysk wurd te brûken. It kaam troch de saneamde ‘Blokkearfriezen’. Yn dy saak bin ik abbekaat fan 33 fertochten. Harren wurdt it ferwyt makke dat hja yn 2017 de A7 blokkearre hiene om in tal bussen mei demonstranten tsjin Swarte Pyt tsjin te hâlden. De demonstranten woene aksje fiere yn Dokkum, dêr’t dy dei Sinteklaas ynhelle waard.

Net faak krige ik safolle reaksjes nei oanlieding fan de ferdigening yn in strafsaak as yn de blokkearsaak. Allinne de bystân oan Robert M. yn de Amsterdamske sedesaak makke ek safolle los. Dêr wiene kwetsbare lytse bern by belutsen en dat hie de fertochte bekend. Wy koene by it oannimmen fan de saak wol úttekenje dat de emoasjes heech oprinne soene.

Yn de blokkearsaak wie ek te ferwachtsjen dat foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt harren uterje soene. En dat wylst de strafsaak hielendal net oer Swarte Pyt giet mar oer it behinderjen fan it rjocht om te demonstrearjen en oer it stilsetten fan it ferkear op in rykswei. Oer de fraach dus oft der strafber hannele is. No’t de eask en it pleidoai efter ús lizze, kin ik in lytse balâns opmeitsje: hûnderten mails, brieven en telefoantsjes krigen wy op kantoar. En op de sosjale media lykas Twitter en Facebook gie it hielendal los. Koartsein, de saak hat it nedige losmakke.

It wêrom fan dit stikje is fûneminteel. De measte reaksjes wiene fan stipers fan ús kliïnten, fan minsken dy’t ús sukses tawinsken ensafuorthinne. Der binne lykwols ek minsken dy’t harren deroer fernuverje dat in kantoar as Anker & Anker sokke fertochten ferdigenje wol. Fan ’e wike makke in persoan op Facebook de opmerking: “Teleurstellend ook, dat dit gerenommeerde kantoor dit soort lieden verdedigt.” It goeie nijs is dat dat berjocht gjin skellerij of mislediging ynhâldt. Dat sjogge wy wol oars. Mar de opmerking op Facebook jout bliken fan it missen fan de basis fan ús rjochtssteat. Wêrom?

Eltsenien hat rjocht op ferdigening tsjin ferwiten fan plysje en it Iepenbier Ministearje (IM). Der moat tsjingas jûn wurde troch in fertochte, oars rint it IM oer him hinne. In earlik proses is in proses dêr’t de fertochte al syn rjochten yn brûke kin. In abbekaat helpt him dêrby. Sa kinne fersiken oan de rjochter dien wurde, hja kinne tsjûgen as saakkundigen hearre litte, de abbekaat kin stikken oan it dossier taheakje litte. De offisier fan justysje easket, de abbekaat pleitet yn it foardiel fan de fertochte. Allegear om de symboalyske skealjen fan Frou Justysje yn it lykwicht te hâlden. De rjochter bepaalt dêrnei de útspraak. Foar in lykwichtige útspraak is dus in stevich ferwar fan de ferdigening nedich. De rjochter moat twongen wurden om goed nei te tinken. Ik sis it wolris sa: “Wy moatte it de rjochter sa swier mooglik meitsje. As it IM in goed ferhaal hat en de abbekaat in sterk pleit, dan komt de rjochter ta it bêste fûnis.”

In misferstân is dat de abbekaat persoanlik efter de hannelingen fan syn kliïnt stean moat. Dat kin, mar dat hoecht net. De eigen miening fan in abbekaat docht der net ta. It giet nammentlik net om de fraach oft iksels ek sa hannelje soe as in kliïnt dien hat, it giet om it effektuearjen fan de rjochten dy’t eltse fertochte hat en it yn de gaten hâlden dat in proses earlik ferrint. Oars soe ommers nimmen in fertochte yn in moardsaak of in slimme sedesaak mear bystean kinne, derfan út geande dat nimmen it rjochtfeardich achtet dat ien fermoarde of seksueel misbrûkt wurdt.

De blokkearsaak smyt dan dochs foar in protte minsken wat nijs op. Eltsenien hat rjocht op ferdigening, wat it ferwyt en wa’t de persoan fan de fertochte ek is. Wy lûke gjin grins. Eltse fertochte is wolkom. Dat kin bygelyks om in ferwyt fan it riden ûnder ynfloed gean, dat kin ek in moardsaak wêze. Of om in man dy’t fertocht wurdt fan slimme sedefeiten, of om in frou dy’t fraudearre hat. Eltsenien betsjut dus ek wier eltsenien.

Dat prinsipe hâldt yn dat wy as kantoar ek minsken helpe dy’t troch in part fan de mienskip al feroardiele binne, dy’t negere wurde of dy’t bedrige wurde nei it ferwyt dat harren makke wurdt. Tink dêrby oan ekstreemrjochtse politisy, oan in man as Robert M. dy’t fertocht waard fan it seksueel misbrûken fan tsientallen lytse bern. Dêr foaroer stiet de bystân oan minsken dy’t de hannen wol opinoar krije, lykas de prinsipiële biologyske himpboer Doede de Jong fan Appelskea. Populêr of ympopulêr, wy meitsje gjin seleksje op basis dêrfan. As strafpleiter moatte jo in rjochte rêch hawwe en net bûge foar de publike opiny. Dêrom is it berop fan strafabbekaat ek sa wichtich yn in strafproses.

It set de earder neamde opmerking dat it teloarstellend is dat wy as kantoar minsken yn de blokkadesaak bysteane yn in oar ljocht. Fansels hawwe alle fertochten yn de blokkearsaak rjocht op juridyske help. Op goede, adekwate en spesjalisearre help. Krekt dy minsken, soe ik sels beweare wolle. It IM hat nammentlik swier en hurd ynset, mei in publisiteitskampanje yn it foar om de publike opiny te beynfloedzjen en mei drege straffen yn de eask. Dogge de fertochten neat, dan komt der gjin lykwicht en dus gjin goed fûnis. Dat prinsipe stiet altyd los fan de persoanlike miening fan in abbekaat. Dy sille jo fan my dus ek yn gjin inkelde saak hearre.

In oantal jierren lyn hawwe wy op kantoar meiwurke oan in dokumintêre oer de ferdigening fan Robert M. De doku hie as ûndertitel: “Eenieder heeft recht op verdediging”. Dat rjocht stiet yn de Grûnwet. Mar net eltsenien is dêrfan op de hichte. It boadskip fan dy dokumintêre hat – sa docht no wer bliken – noch neat oan aktualiteit ferlern.

Tjalling van der Goot is abbekaat by Anker & Anker
oktober 20, 2018 10:53
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Marijke oktober 24, 14:35

    Geweldich dat in abbekaat sa goed Frysk skriuwe kin.

  2. Kening Redbad oktober 24, 15:10

    Yn dizze saak is it rjocht sa krûm as in hoepel. Turken en Marokkanen dy’t itselde úthelje wurde net ferfolge. Moslims dy’t in demonstraasje fan Pegida ferhinderje wurdt neat yn ‘e wei lein. Hoesa frijheid fan demonstraasje… In polityk showproses, net oars…

  3. Abe oktober 24, 22:20

    Oan de bernige en leffe skriuwersnamme witte je al wat je ferwachtsje kinne. Redbad mient dat it Nederlânske rjochtssysteem like rassistysk is as syn eigen tinken. Mar ik tink dat inkeld Aldgilles en Douwe Kalma dêr yn traapje.

  4. Rob oktober 26, 12:54

    Dochs hat Redbad in punt. Blokkearfriezen dy’t rellen foar wolle komme wurden tsjinholden, wylst Toeterturken dy’t it ferkear blokkearje omdat der in diktator oan’e macht bleaun is dat wol meie. De plysje stie der gewoan nei te sjen…… En wêrom soe de iene radikale groep wol by in bernfeest protestearje meie mar de oare net yn’e Schilderswijk? Dat hat neat mei rasisme te krijen mar ûngelyk is it al.

  5. Kening Redbad oktober 27, 20:06

    Hat yndied neat mei rasisme te krijen Rob, mar ja Abe, tsjintwurdich is alles rasisme, sels in glês molke en in protsje pipernuten..,

  6. Willem oktober 27, 23:45

    Nei alle gedachten bedoeld Abe dat it rassistysk is tsjinoer de blokkearfriezen…
    Tink oan it troch in “rjochter” near lizze op in demonstraasje NJONKEN in moskee en it troch it “bestjoer” útnoegjen fan links-ekstremisten om TUSKEN bern te rinnen.
    Dat de trias politica ta in links-ekstremistyske politica corrupta D66-PvdA-GL-VVD ferwurden is, is elkenien no wol klear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.