Eksoatyske timpeldûnseressen en nommele krigers yn ‘La Bayadère’

oktober 29, 2018 09:03

Ballet yn trije bedriuwen – streekrjocht yn sechtich Nederlânske bioskopen

La Bayadère (foto: © ROH – Tristram Kenton)

Mei alve ballet- en operafoarstellings, dy’t streekrjocht yn mear as tûzen teaters yn fjirtich lannen wrâldwiid fertoand wurde, bringt Royal Opera House ek yn seizoen 2018/2019 in breed skala oan foarstellings dy’t allegear live út it wrâldferneamde Covent Garden wei útstjoerd wurde. Op 13 novimber wurdt de sjogger meinaam nei Marius Petipa’s eksoatyske 19e iuwske mearke La Bayadère (De Timpeldûnseresse) dat him yn Yndia ôfspilet. De klankrykdom en sfear fan komponist Ludwig Minkus’ slute perfekt oan by de elegante presyzje fan de klassike goreografy fan Natalia Markova.

Oer La Bayadère
La Bayadère fertelt it leafdesferhaal fan de timpeldûnseresse Nikaja en de kriger Solor dy’t nettsjinsteande syn leafde foar Nikaja, trout mei de dochter fan de Radja. Ien fan de hichtepunten foar it corps de ballet is de ferneamde, moanneferljochte ‘wite akte’, ofwol it Ryk fan de Skimen – dêr’t de ferlerne leafde fan Soloar yn in protte stallen syn geast pleaget. De goreografy jout net allinnich de twa konkurrearjende ballerina’s alle romte om te skitterjen, mar lit yn in bjusterbaarlike solo ek in brûnzen ôfgodsbyld ta libben komme.

Oer Royal Opera House
The Royal Opera House fiert dit jier in jubileum fan tsien jier live bioskoopfoarstellings, dêr’t it wrâldwiid de merklieder mei is op it mêd fan opera- en balletfoarstellings yn ’e bioskoop. It seizoen 2017/2018 wie it súksesfolste jier ea foar The Royal Opera House mei wrâldwiid mear as ien miljoen ferkochte kaartsjes. It publyk hat ûnderwilens ek tagong ta ferskate livestreamen fia it Royal Opera House YouTube-kanaal, dat it grutste YouTube-kanaal is fan hokker keunstorganisaasje dan ek yn ’e wrâld.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.royaloperahouse.nl.

Royal Opera House – seizoen 2018/2019
The Royal Ballet
Petipa: La Bayadère
Streekrjocht: tiisdei 13 novimber 2018 (20:10 oere)

The Royal Ballet
Wright: The Nutcracker
Streekrjocht: moandei 3 desimber 2018 (20:10 oere)

The Royal Opera
Tchaikovsky: The Queen of Spades
Streekrjocht: tiisdei 22 jannewaris 2019 (19:40 oere)

The Royal Opera
Verdi: La Traviata
Streekrjocht: woansdei 30 jannewaris 2019 (19:40 oere)

The Royal Ballet
Acosta/Petipa: Don Quixote
Streekrjocht: tiisdei 19 febrewaris 2019 (20:10 oere)

The Royal Opera
Verdi: La Forza del Destino
Streekrjocht: tiisdei 2 april 2019 (19:10 oere)

The Royal Opera
Gounod: Faust
Streekrjocht: tiisdei 30 april 2019 (19:40 oere)

The Royal Ballet
Trijelûk: Royal Ballet Triple Bill: Flight Pattern, Within the Golden Hour, New Work
Streekrjocht: tongersdei 16 maaie 2019 (20:10 oere)

The Royal Ballet
MacMillan: Romeo and Juliet
Streekrjocht: tiisdei 11 juny 2019 (20:10 oere)

oktober 29, 2018 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.