Earste Nederlânske Artistike Klimaattop yn Ljouwert

oktober 4, 2018 12:18

Op sneon 13 oktober 2018 ûntfangt Ljouwert in protte yn- en útlânske keunstners by de Artistike Klimaattop, in primeur yn Nederlân. Besikers krije tusken 13.00 en 22.00 oere in fariearre programma te sjen fol keunstynstallaasjes, wurksjops, muzyk en lêzings oer it klimaat. De top is in inisjatyf fan IepenUp – ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 – en strykt del yn it dekôr fan de eksposysje Places of Hope yn de Kânselerij.

Foto: Jaap Scheeren

Spoedkursus ‘omtinken’ yn de Kulturele Haadstêd fan Europa
De Artistike Klimaattop wurdt holden yn oanrin nei de Klimaatkonferinsje fan Katowice 2018, de offisjele klimaattop yn desimber yn Poalen. In bewuste kar: “De Artistike Klimaattop is in oefening yn ferbylding en diedkrêft, eleminten dy’t net ûntbrekke meie oan de klimaattafels”, leit projektlieder Matthea de Jong út. “Dizze top toant besikers ferbyldingsfolle antwurden op it klimaatfraachstik en nûget út ta ‘omtinken’. In goed foarbyld dêrfan is de eksposysje The Incredible Shrinking Man fan Arne Hendriks, dêr’t dy yn ûndersiket wat it foar de ierde betsjutte soe as wy allegear feroarje soene yn minyminskjes fan fyftich sintimeter. Dy nimme minder romte yn én hawwe minder iten nedich.”

Spraakmeitsjende keunstners, tinkers en kollektiven
Oare sprekkers en dwaners op de Artistike Klimaattop binne: keunstnerskollektyf Fossil Free Culture NL oer ûndogenske keunst, Marjolijn van Heemstra oer libje as in ‘stedsastronaut’ en Theater Artemis mei in karaokeferzje fan ‘Hallo Dampkring’, in songen petear oer de opwaarming fan de ierde. Op it programma stean ek: kultuersosjolooch Ruben Jacobs, Peer Group-lieder Dirk Bruinsma, Silence of the Bees mei Bumblebee Rhapsody, natuerartyst Maria Lucia Cruz Correia, kreatyf bouwer en tinker Daan ’t Sas, teatermakker Marjolein Frijling, keunst- en kultuerekspert Yvonne Dubbers, sosjaal ûntwerper Tabo Goudswaard, teaterkollektyf Sun City, keunst & digitale media-ekspert Shailoh Phillips en de reislustige keunstneresse Esther Kokmeijer.

Pitche foar keunstneresse Tinkebell en Oerol-grûnlizzer Joop Mulder
De Artistike Klimaattop draait net allinnich om harkjen en sjen, mar ek om ynspirearjen en nije plannen meitsjen. Matthea: “Keunstners krije de kâns nije ideeën te yntrodusearjen foar in keunstprojekt oer it klimaatfraachstik. De faksjuery bestiet ûnder oare út de Amsterdamske keunstneresse Tinkebell – bekend fan it kontroversjele projekt ‘My dearest cat Pinkeltje’ – en Joop Muler, de man efter Oerol en Sense of Place. Hja kieze by de Klimaattop trije nominaasjes. It bêste idee kriget in beurs fan 4.000 euro.”

The Big Fishbowl: artistyk klimaatberied
As grutte ôfsluter is der foar elkenien dy’t dat wol de gelegenheid om mei te praten by The Big Fishbowl, in Artistyk Klimaatberied, ûnder lieding fan Lynn Zebeda (Dr. Monk). It beried foarmet de basis foar it slotmanifest fan de Artistike Klimaattop. “Keunstners én publyk meie meiprate by it beried en bydrage oan it manifest”, fertelt Matthea. “Oft dat no as ûnôfhinklike dielnimmer, belangebehertiger of as observant is, sintraal stiet de fraach hoe’t de keunsten bydrage kinne oan it beheljen fan de klimaatdoelen út it Akkoart fan Parys.”

Mear ynformaasje en it folsleine programma is te finen op www.iepenup.nl. De Artistike Klimaattop duorret fan 13.00 oant 22.00 oere en is fergees tagonklik.

oktober 4, 2018 12:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.