Dowemelker Jan út Oentsjerk yn ‘Hart & Ziel’ op NPO 2

oktober 11, 2018 09:40

Bysûndere ferhalen fan gewoane minsken oer bekende klassike muzykstikken

Utstjoering: moandei 15 o/m freed 19 oktober, fuort nei Nieuwsuur op NPO 2

Yn it telefyzjeprogramma Hart & Ziel giet Floris Kortie troch hiel Nederlân op besite by minsken mei in persoanlik ferhaal by ien fan de stikken út de Hart & Ziel-list fan NPO Radio 4. Minsken dêr’t men net daliks it stereotype klassike muzykleafhawwer yn weromken. Fan in flaaiebakker út Limburch oant in brânwachtman út Amsterdam, en in dowemelker út Oentsjerk oant in drankhanneler op de Kruiskade yn Rotterdam.

Jan de dowemelker (foto: NTR)

Al dy minsken hawwe in bysûnder ferhaal oer in klassyk masterwurk. Club Classique siket dy minsken op, ta elk syn ferrassing, op harren wurkplak om dat masterwurk te spyljen. De konfrontaasje fan de haadpersoanen mei in ensemble dat harren favorite muzyk spilet, soarget foar oandwaanlike mominten.

Op freed 19 oktober is ûnderwizer en dowemelker Jan út Oentsjerk te sjen. As Jan hurdrint, is klassike muzyk altyd by him. En yn it bysûnder de ‘Winterreise’ fan Schubert. Dy lietesyklus is troch in freon fan Jan oerset nei it Frysk. En nei’t dy freon siik waard, kaam Jan alle wiken by syn bêd om in part foar te sjongen. De wurden kamen net mear fansels nei in slopende sykte, mar de muzyk fersterke de bân.

Oare útsjoerings:
15 oktober – flaaiebakker Jos
16 oktober – learares Alette
17 oktober – eks-brânwachtman Rinus
18 oktober – winkellju Mario en Alice

Mei Hart & Ziel slút de NTR op NPO 2 oan by de Hart & Ziel-list fan NPO Radio 3, de Top 300 fan de klassike muzyk. De list bestiet út de 300 favorite wurken fan harkers fan Radio 4.

Sjoch ek op www.nporadio4.nl/hartenziel.

oktober 11, 2018 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*