Deade troch ynstoarte bousteiger

oktober 24, 2018 19:19

Nêst it stasjon fan Antwerpen is in deade fallen trochdat in bousteiger ynstoart is. In oare persoan rekke ferwûne. Mooglik binne der noch mear slachtoffers.

Yn de Pelikaanstraat wiene woansdeitemoarn boufakkers op ‘e steiger oan it wurk mei de bou fan in nij hotelpân. Tsjin ‘e gevel stie in steiger fan likernôch tweintich meter hichte. Dy stoarte fan ‘e moarn efkes nei tsienen yn. Op syn minst twa boufakkers bedarren ûnder de stellaazje.

De strjitte is troch de ynstoarte steiger folslein blokkearre. Ferkear yn ‘e Pelikaanstraat is net mooglik.

oktober 24, 2018 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.