De Nacht fan de Nacht yn Wâldsein

oktober 13, 2018 10:28

foto: Bauke van Delft

Sneontejûn 27 oktober 2018 sil Wâldsein foar de tredde kear meidwaan oan de Nacht fan de Nacht.

De Nacht fan de Nacht is in jierliks evenemint organisearre troch de Natuer- en Miljeufederaasjes. Doel is om omtinken te freegjen foar de gefolgen fan ljochtfersmoarging. Wâldsein sil sfearfol ferljochte wurde mei kearsljocht. De ljochten binnen- en bûtendoar sille safolle mooglik út wêze. Glêzen potsjes mei waksineljochtsjes sille de strjitten en stegen ferljochtsje. Dat sil in prachtig gesicht wêze.

Aktiviteiten by kearsljocht
Der binne ferhalefertellers en der wurde nachtgedichten foardroegen. Besikers kinne stjerren bewûnderje mei help fan in stjerrekiker (teleskoop) mei útlis. Bern kinne sminkt wurde yn felle kleuren. Op de mei waksineljochten ferljochte rûte kin meidien wurde oan in speurtocht nei ôfbyldingen fan nachtbisten. Tagelyk wurdt der in fotowedstriid organisearre.

Op twa lokaasjes is muzyk: yn de Midstrjitte troch troubadour Jan Scheffer mei ‘Blues in the Night’ en op it terras fan ’t Ponkje spilet de formaasje JazzYpassion. Der kin by kearsljocht winkele en by de hoareka iten en buorrele wurde (wat it iten oangiet, graach foarôf opjaan). Bewenners en bedriuwen bringe dizze jûn in bysûndere sfear yn it sintrum fan Wâldsein.

‘Feel the Night’
As ekstra aktiviteit is der in presintaasje fan de projekten fan Feel the Night troch de bekende Fryske arsjitekte Nynke-Rixt Jukema. Lokaasje: restaurant Omke Jan oan de Iewâl.

De organisatoaren hoopje op goed en helderskjin waar en dat in soad minsken jûn in kuier meitsje yn in sfearfol ‘Wâldsein by kearsljocht. De Nacht fan de Nacht begjint om 19.00 oere. De aktiviteiten binne oant 21.00 oere.

oktober 13, 2018 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.