De Fryske g-klank is hiel bysûnder
Resint ferskynd
Yn it Frysk komt in hiele bysûndere g-klank foar. Allinnich wurdt er bedrige. Hy wurdt nammentlik hieltyd minder brûkt. Dat skriuwt taalkundige Henk Wolf op it taalwebstee Neerlandistiek. Neffens Wolf is de útspraak fan de typysk Fryske klank net mei dy fan de Hollânske te ferlykjen. Hy lit dat hearre oan ‘e hân fan in fragmint fan Foppe de Haan, dy’t de Fryske klank noch wol hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje