‘Dach fan ut Stadsfrys’ op sneon 3 novimber

oktober 11, 2018 10:11

‘Dach fan ut Stadsfrys’ op saterdach 3 november

Saterdach 3 november is ut de ‘Dach fan ut Stadsfrys’. Onder dy naam wurde in Franeker de hele dach aktiviteiten organiseard dy ut Stadsfrys foar ut foetlicht hale. ’s Mòrgens is in ut stadhús un sympoasium over ut Stadsfrys. ’s Middachs is der foar ut brede publyk un minifestivaltsy in de Franeker Martinikerk, met live-muzyk, kòrte interviews met kenners fan ut Stadsfrys en taalspeltsys. Ok wurdt dan ut earste eksemplaar fan ut nieuwe boek Sprookjes fan Grimm in ut Stdasfrys anboaden an de Kommessares fan de Keuning, Arno Brok.

Maar foaral is ut bedoëld als un ontmoëtingsplaats foar Stadsfrizen. Want ok al fynt de ‘Dach fan ut Stadsfrys’ plaats in Franeker, ut is útdrukkelek bedoëld foar sprekers fan ut Stadsfrys út alle seuven steden wêr dy taal nòch sproken wurdt: Bolsward, Dokkum, Franeker, Harlingen, Leewarden, Sneek en Staveren. Fòlges un resente skatting fan de Fryske Akademy binne der teugenwoardech se’n 32.500 meensen dy ut Stadsfrys spreke, wêrfan ut groatste deel in Leewarden. Ut Stavers is de kleinste fan de seuven Stadsfrise talen.

Sewel ut sympoasium as ut minifestival binne gratis toegankelek, al is foar ut sympoasium opgaaf fóar 19 oktober wel noadech. De ‘Dach fan ut Stadsfrys’ wurdt òrganiseard deur Taalburo Popkema in samenwerking met de Fryske Akademy. Mear details kenne jou fine op taalburopopkema.nl.

‘Dach fan ut Stadsfrys’ op sneon 3 novimber

Sneon 3 novimber is it de ‘Dach fan ut Stadsfrys’. Under dy namme wurde yn Frjentsjer aktiviteiten organisearre dy’t it Stedfrysk foar it fuotljocht helje. Moarns is yn it stedhûs in sympoasium oer it Stedfrysk. Middeis is der foar it brede publyk in fergees minyfestival yn de Frjentsjerter Martinitsjerke, mei û.o. live-muzyk, ynterviewkes mei kenners fan it Stedfrysk en ferskate taalspultsjes. Dan wurdt it earste eksimplaar fan it nije mearkesboek Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys ek oanbean oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Mar foaral is it ek in trefplak foar ‘Stadsfriezen’ út alle sân stêden. Want al wurdt de ‘Dach fan ut Stadsfrys’ ek holden yn Frjentsjer, it barren is mei klam ornearre foar minsken út de stêden dêr’t dy taal sprutsen wurdt: Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Ljouwert, Snits en Starum, en dy’t dat sels ek dogge. Neffens in resinte rûzing fan de Fryske Akademy binne der hjoed-de-dei sawat 32.500 minsken dy’t Stedfrysk prate. It grutste part dêrfan wennet yn Ljouwert. It Staversk is de lytste fan de sân Stedfryske talen.

Sawol it sympoasium yn it stedhûs as it minyfestival yn de Martinitsjerke binne fergees tagonklik, mar foar it sympoasium is opjefte fóar 19 oktober nedich. De ‘Dach fan ut Stadsfrys’ wurdt organisearre troch Taalburo Popkema yn gearwurking mei de Fryske Akademy. Mear details kinne binne te finen op taalburopopkema.nl.

oktober 11, 2018 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.