ChristenUnie wol fergeze DNA-test foar donorbern
Resint ferskynd
Bern dy’t oanset binne troch in anonime spermadonor moatte in fergeze DNA-test krije kinne. Dat bepleitet de ChristenUnie woansdei yn de Twadde Keamer, by in debat oer de begrutting fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport. It liket derop dat de fergeze test der ek komt, want nei alle gedachten stipet in Keamermearderheid it foarstel.
Sûnt 2004 meie spermabanken net mear mei anonime donoaren wurkje. Der binne lykwols noch sa’n 40.000 bern dy’t foar dy tiid oanset binne. In protte fan dy bern witte net wa’t harren biologyske heit is. De ChristenUnie wol harren temjitte komme. “Ik bin fan miening dat elts bern der rjocht op hat om te witten fan wa’t hy of sy ôfstammet. Dat is wichtich foar harren identiteit en it medysk dossier. Dêrmei is it foar my in prinsipekwestje, en dêr mei gjin priiskaartsje oanhingje”, seit ChristenUnie Keamerlid Dik-Faber.
Donoaren dy’t har yn de DNA-bank ynskriuwe krije de kosten (250 euro) fergoede. Donorbern moatte dat bedrach oant no ta sels betelje. De ChristenUnie wol dat sy har ek sûnder kosten ynskriuwe kinne. Der steane no goed fiifhûndert donoaren yn de DNA-databank registrearre. Oant no ta hawwe tûzen bern har foar in test meld.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje